Saailân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L wurkleas
L [[]]
Rigel 3:
It '''Saailân''' is in strjitte yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Ek it Wilheminaplein, dat neist de strjitte leit wurdt oer it algemien 'It Saailân' of 'It Saailânplein' neamd.
 
It plein lei eartiids bûten de stêd, mar kaam geandewei mear yn de stêd te lizzen. [[Willem Loadewyk]] oefene hjir mei syn soldaten. Op it plein wurde it hiele jier troch diskemerken, merke en oare eveneminten hâlden. Yn [[1865]] wie der in lânboutentoanstelling. Letter waarden der ek [[Keatsen|keatswedstriden]], ringriderijen[[ringriderij]]en, feemerk en sjippekistereses hâlden. Flak foar de befrijing waard yn april [[1945]] it [[Old Burger Weeshuis]] troch de Dútsers yn de brân stutsen. Letter soe dêr it gebou fan de wetterlieding ferrize. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] wienen ek de Sjah fan Perzje en de Kanadeeske [[M4 Sherman|Shermantanks]] te besjen. Om it plein stienen kafees mei nammen as ''Houbein'', ''de Nederlanden'', ''Us Thús'', ''Friesch koffiehuis'' en ''City Bar''. Yn 2011 sit allinnich kafee 'It Wapen fan Ljouwert' der noch, dêr't de keaplju op freed by elkoar sitte.
 
Yn [[2008]] waard it plein troch keunstner [[Henk Hofstra]] beskildere mei in tal tige grutte spegelaaien. Yn [[2011]] wie yn it [[Histoarysk Sintrum Ljouwert]] in eksposysje oer it plein te sjen. Yn [[2013]] stie it [[Glêzen Hûs]] fan [[Serious Request]] (Radio [[3FM]]) op it Saailân.
 
== Nije ynrjochting ==
It Saailân is op 'e nij ynrjochte fanôf april [[2009]]. De parkeargaraazje ûnder it plein waard ôfbrutsen en fannijs boud mei ekstra 700 parkearplakken. It nije [[Frysk Museum]] hat dêr in plak krige, der kaam in nije pleinwand en 3000 m² ekstra winkelromte oan de noardkant. It wurk wie yn 2013 dien.