Ulbe van Houten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L oanfolling
L [[]]
Rigel 2:
 
==Libben==
As arbeiders soan en jongste fan fjouwer bern gie er nei de kweekskoalle om foar ûnderwizer te learen. Yn [[1922]] waard er beneamd as ûnderwizer oan de kristlike De Slotskoalle yn [[Sint Anne]]. Letter waard hy learaar oan de MULO yn dat plak. Syn frou, Sieuwke Lep, kaam út [[Froubuorren]]. Sadwaande hearden de fiif bern yn de húshâlding Van Houten thús twa talen, mem prate [[Biltsk]] mei har en heit [[Frysk]].
 
Syn earste Fryske boek skreaun er yn [[1936]]. Syn literêre neilittenskip bestiet út ien [[roman]], in ferhalebondel en twa novelles[[novelle]]s. It neifertellen fan de bibelske ferhalen yn "De Hillige Histoarje" yn twa dielen, it âlde en nije testamint, seach de grifformearde Van Houten as syn libbenswurk. Yn [[1955]] krige er dêrfoar yn Boalsert de heechste literêre ûnderskieding fan de provinsje Fryslân, de [[Gysbert Japicxpriis]].
 
As [[taalkunde|taalkundich]] ûnderstiper wurke er yn it ramt fan 'e [[Nije Fryske Bibeloersetting]] ([[1966]]-[[1978]]) mei oan 'e fertaling fan 'e [[bibel]]boeken ''[[Genesis]]'', ''[[Exodus]]'', ''[[Leviticus]]'', ''[[Numeri]]'', ''[[Deuteronomium]]'', ''[[Jozua]]'', ''[[Rjochters]]'', ''[[Ruth]]'', ''[[1 en 2 Samuël]]'', ''[[1 en 2 Keningen]]'', ''[[Ester]]'', ''[[Psalmen]]'', ''[[Spreuken]]'', ''[[Preker]]'', ''[[Heechliet]]'' en ''[[Kleilieten]]''.