Risimer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
[[Image:As Libius Severus-Ricimer MonogramRIC 2716.jpg|thumb|300px|Ricimers monogram waard slein op 'e kearside fan in munt fan [[Libius Severus]]. Libius wie ien fan de marioneten dy't Ricimer ta keizer makke.]]
'''Ricimer''' († [[18 augustus]] [[472]]) wie ''[[magister militum]]'' (boppebefelhawwer) yn [[Itaalje]] fan [[456]] oan't [[472]]. Om't er it leger beherske wie er in skoftlang de machtichste man yn it [[Romeinske Ryk|Westlike ryk]]. Sels koe er, as [[Germanen|Germaan]], net [[list fan Romeinske keizers|keizer]] wurde mar hy sette de iene nei de oare marionet op 'e troan.
 
==Generaal==
Rigel 13:
 
==Konsolidaasje fan de macht==
Ricimer ferfong Majorianus troch [[Libius Severus]] dy't inkeld as strieman fungeare. De macht fan Ricimer lykwols wie net ûnomstreden, want de Eastromeinske keizer wegerje Libius Severus te erkinnen. Dat wie ek sa foar [[Aegidius]], in generaal fan it Romeinske leger yn Galje. Dy Aegidius woe mei syn leger oplûke tsjin Ricimer, mar kaam safier net. Ricimer koe de [[Fisigoaten|Fisigoatyske-]] en [[Bourgonden|Bourgondyske]] [[foederatifouderati]] yn Galje oan him binne, wertroch Aegidius ferhindere waard Itaalje te beriken. In ruil foar dizze stipe stie Ricimer oan de Fisigoaten de sted [[Narbonne]] en omkriten ôf, dy't dermei in ferbining krigen mei de [[Middellânske See]] en joech er de stad [[Lyon]] oan de Bourgonden, dy't dizze stêd ta harren nije haadstêd makken. Mei it folk fan de Bourgonden hie Ricimer in hechte bân; sa wie er troud mei de suster fan [[Gundiok]], de kening fan de Bourgonden. Op dizze wize koe Ricimer syn macht konsolidearje. Libius Severus bleau syn marionet oan't [[465]], doe't Ricimer him deameitsje liet (mooglik troch fergiftiging). Tenei regearre er sels, sûnder keizer.
 
==Lêste jieren==