Content deleted Content added
No edit summary
L opmerkings
Rigel 11:
== Yakuma County ==
Bêste Kn. Ik bin tige bliid mei jo stikjes oer plakken yn Yakuma County, Washington. Fannijs wolkom! Ien ding: soene jo de boarnen neame wolle/kinne dy't de Fryske emigranten/mienskippen yn dy plakken oanbelangje? Groetnis, [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|talk]]) 15 nov 2013, 18.21 (CET)
 
== Siden oer Washington ==
Goeie, Kneppelfreed. Prachtich wat jo dogge mei al dy nije siden oer plakken en countys yn Washington. Gean sa troch!
 
Eefkes in pear oanwizings om it noch better te meitsjen.
* As jo in plaatsje foaroan yn in artikel sette, en it is in artikel mei sa'n ynfoboks rjochtsboppe-oan, dan moat it plaatsje eins oan 'e linkerkant, want oars komt it ûnder de ynfoboks te stean, en dan bliuwt de tekst derefter hingjen, sadat je dan boppe-oan yn it artikel, fuort njonken de ynfoboks, in hiel grut blanko flak krije (sjoch bgl. wat ik feroare haw oan [[Prosser (Washington)]]).
* As jo in kategory oanmeitsje, lykas jo dien hawwe mei Kategory:Plak yn Benton County, dan hoege jo dêr net yn te setten hoefolle siden deryn sitte; dat docht it systeem automatysk wol. Folle better kinne jo dêr in kategory yn sette; de Kategory:Plak yn Benton County heart bgl. thús yn 'e Kategory:Plak yn Washington, dy't sels wer ûnderbrocht is yn 'e kategoryen Washington en Plak yn de Feriene Steaten. Sa bouwe je in moai systeem fan kategoryen op.
* Ik haw jo Kategory:Plak yn Benton County feroare yn Kategory:Plak yn Benton County (Washington), want der blike 9 ferskillende Benton Countys yn 'e Feriene Steaten te wêzen. It is miskien wol sa handich as jo gewoan standert de steat der even tusken heakjes efter sette, want better mei ferlegen as om ferlegen.
* En as jo sokke kategorysiden ek eefkes oan Wikidata fêstheakje kinne (sa't jo ek mei de artikelsiden dien hawwe) dan soe it hielendal moai wêze. In kategory as Plak yn Benton County (Washington) heart bgl. by ''Category:Populated places in Benton County, Washington''. Mar faak is it makliker om 'e link te finen fia de korrespondearjende kategoryside op 'e Ingelske Wikipedia.
En no mar hoopje dat ik jo net fuortjage haw mei myn geseur. Groetnis, [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|talk]]) 21 nov 2013, 16.12 (CET)