Kompjûter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 2:
 
== Skiednis ==
De earste kompjûter wie ree op [[5 desimber]] [[1941]], de [[Z3]] fan [[Konrad Zuse]]. Mar om't dat yn de [[Twadde Wrâldkriich]] wie, en om't de Z3 yn [[Dútslân]] op it ein fan de oarloch troch in bombardemint ferneatige waard, wie dat net by eltsenien bekind, en nei de oarloch tocht men dêrtroch dat de [[ENIAC]], yn de [[Feriene Steaten fan Amearika|Feriene Steaten]], ree op [[14 febrewaris]] [[1946]], de earste echte kompjûter wie. Hete hennie
 
De [[kompjuterprogramma|programma]]'s foar de Z3 waarden ynfierd fia in soarte fan [[pûnsbân]], wylst dat by de ENIAC gong troch it op 'e nij lizzen fan in part fan de betriedding. Lettere kompjûters hienen pûnsbânynfier, doe kamen de [[pûnskaart]], de [[magneetbân]] en de [[magnetyske skiif]]. Dy magneetbannen hienen romte foar mear as ien programma of [[triem]], en op hjoeddeiske [[fêste skiif|fêste skiven]] stean gauris tûzenen triemmen.