Erogene sône: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L stobbe roege
L [[]] oars
Rigel 2:
In '''erogene sône''' (fan it [[Gryksk]]e ἔρως ''eros'' en -γενής ''-genes'' "berne") is in tige gefoelich gebiet fan it minslik lichem mei in ekstra gefoelichheid; stimulaasje op sokke plakken kin [[Erotyk|eroatyske]] gefoelens en seksuele opwining oproppe.
 
Dy sônes kin fan minske nei minske ferskille. De gebieten om de [[geslachtsorganen]] hinne binne erogene sônes, sa as it [[Underliif|ûnderliif]] en de binnenkant fan de [[dij]]en. By de measte froulju binne de [[tit]]ten in erogene sône, en by in protte manlju ek, mar net altyd. Oare plakken dy't in eroatysk gefoel jaan kinne at se aait of hoeden oanrekke wurde binne de [[earlapke]]s, [[Nekke (anatomy)|nekke]] en [[hals (anatomy)|hals]], de [[rêch (anatomy)|rêch]], [[bil (anatomy)|billen]] of [[Foet (anatomy)|fuotten]].
 
Partners dy seksueel goed op elkoar ynspile binne, witte wat elkoars erogene sônes binne en witte hoe't sy harren partner [[seksueel]] opwine kinne.