Slach by Poitiers (732): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: ar:معركة بلاط الشهداء is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 13:
|commander2 = [[Abd el-Rahman]]†
| strength1= 20.000 oant 30.000
| strength2= Alde Moslimboarnen: 80.000<br />
Moderne skiedkundigen: 20.000 oant 30.000
| casualties1= 1500? (net wis)
Rigel 21:
 
== Foarspul ==
Minder dan hûndert jier nei it ûntstean fan de Islam op it Arabyske Skiereilân en it ferstjerren fan de profeet [[Mohammed]] en de earste fjouwer kalifen, bedriigde de moslims yn Spanje ferskillende kearen de Frânske gebieden. [[Odo fan Akwitaanje]] hie harren yn 721 hjirút ferbannen mar yn [[725]] kamen se werom. Dit kear wie hartoch Odo net yn steat harren opmars te stopje. Twongen ta ûnderhannelje joech Odo de hân fan syn dochter oan Othmar ien fan harren emirs. Dizze alliânsje mei ûngelovigen makke de Frankyske hofmeier Karel dûm.
 
Yn 732 luts Abd er Rahman, gouverneur fan Spanje, oer de [[Pyreneeën]], mooglik om de ûnrêst oan de noardgrins fan syn ryk te eindigjen. Hy fersloech opnij Odo by Bordeaux, plundere dizze stêd, en luts fierder oant de Loire. In mooglik reden hjirfoar wie de katedraal fan Tours. Der wie in rabbel dat yn de katedraal in protte rykdom wie.
Rigel 31:
Hofmeier Karel luts syn leger gear op in plak wêr’t hy ferwachte dat it moslimleger lâns komme soe. Hy socht in definsive posysje út. Neffens de Mozarabyske kronyk stelde hy it leger op as in grut fjouwerkant. De earste seis dagen wienen der mar in pear lytse skermutselingen. Gjin fan beide partijen woe oanfalle. De Franken wienen goed klaaid op de kjeld en hienen it foardiel dat se it op bekend terrein wienen. Op dei nûmer san begûn de echte fjildslach.
 
Abd er Rahman fertroude op it numerike oerwicht fan syn kavalery en liet dizze meardere sjarzjes útfiere. It fertrouwen fan de moslims op harren numerike oerwicht en harren mei lange swurden bewapene kavalery, dy’t altyd soarge foar de oerwinning wie dit kear mispleatst. De Frankyske soldaten hâlden harren grûn. Neffens Frankyske boarnen duorre de striid ien dei. Arabyske boarnen hawwe it oer twa dagen. Doe’t der flústere waard dat de Franken it guod wat út [[Bordeaux]] wei rove wie bedrige wienen der in protte Arabyske soldaten dy’t it guod beskermje woenen. Abd er Rahman woe se tsjinhâlden mar waard finzen nommen en fermoarde. Doe’t de nacht foel luts it Arabyske leger him werom.
 
== Gefolgen ==
Rigel 38:
[[Kategory:Fjildslach]]
[[Kategory:Frankyske Ryk| ]]
 
{{Link GA|ar}}