Yndo-Jeropeeske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 132 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q19860 (translate me)
No edit summary
Rigel 16:
Taalkundigen en argeologen binne it der fierwei oer iens dat de oarsprong fan 'e Yndo-Jeropeeske talen earne yn de lannen om de [[Swarte See]] hinne socht wurde moat. Krekt hokfoar gebiet it túslân fan de Yndo-Jeropeeske talen west hat, en sels at der sa'n túslân west hat, dêr in noch in protte diskusje oer.
 
De teory dy't de measte oanhingers hat is de [[Kurgan-hypoteze]], dy't foar it earst foarsteld waard troch de Litousk-Amerikaanske argeologe [[Marija Gimbutas]] yn 'e fyftiger jierren fan 'e 20e ieu. Neffens dy [[hypoteze]] waard it [[Proto-Yndo-Jeropeeske talen]], de taal dêr't alle Yndo-Jeropeeske talen op weromgeane, oarspronklik sprutsen yn it gebiet benoarden de [[Kaukasus]] en yn 'e [[Kaspyske Leechte]], en hawwe de Yndo-Jeropeeske folken har fan it fjirde milennium f.Kr. ôf dêrwei ferspraat oer Jeropa en Súd- en West-Aazje.
 
In oare hypotese is de [[Anatoalyske teory]], dy't de Britske argeolooch [[Colin Renfrew]] yn [[1987]] formulearre. Dêryn wurdt steld dat it túslân fan 'e Yndo-Jeropeänen [[Anatoalje]], [[Lyts-Aazje]], wie, en dat de fersprieding fan 'e Yndo-Jeropeeske talen gearfoel mei de fersprieding fan 'e lânbou yn de [[Nije Stientiid]]. Dêrmei begjint de de fersprieding om 7000 f.Kr. hinne, ferskate milennia earder as de Kurgan-hypoteze hawwe wol. Dizze teory hat minder oanhingers, mar waard yn [[2003]] al stipe troch de [[Biotaalkunde|Biotaalkundiche]] risseltaten fan [[Russell Gray]], dy't foar de tiid fan de fersprieding op earne tusken 7800 f.Kr. en 5800 f.Kr. útkomme.