Sâltkamp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 5 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2500600
L [[]]
Rigel 4:
== Skiednis ==
=== Fort ===
It plak wurdt foar it earst neamd yn 1418 as '''Soltcampum'''. Faaks hat de namme te krijen mei it [[Sâltwinning út moar|winnen fan sâlt]] út [[sâltfean]]. De earste ynwenners wienen wierskynlik soldaten, dy't letter folge waarden troch fiskers. Om 1580 hinne, yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] wie der in [[skâns]] ''Soltecampe'', boud oan de mûning fan it [[Reitdjip (rivier)|Reitdjip]] yn de Lauwerssee, as bolwurk fan de [[Spaanske Nederlannen]]. Yn de jierren dêrnei waarden út [[Fryslân]] wei, doe al part fan de lettere [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]], plondertochten troch wettergeuzen makke yn de omkriten fan Sâltkamp en waarden doarpen as [[Warfhuizen]] en [[Zuurdijk]] yn de brân set. Yn de neifolgjende jierren waarden plannen makke om de ferdigeningswurken yn de [[Ommelannen]] opnij te ferôverjen om sa de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] oanfalle te kinnen. Op [[15 oktober]] [[1589]] sylde [[Willem Loadewyk fan Nassau]] mei 800 man út [[Eastmahorn]] nei de ''Soltkamp'' en ferôvere dat plak yn de saneamde [[Slach om de Soltkamp]].
 
It plak bleau dêrnei noch ieuwenlang in militêre festing. Ein [[18e ieu]], yn de [[Frânske tiid]], waard in fersterke kustbatterij oanlein, sadat it bolwurk doe in [[bastion]] mei in batterij oan de eastkant hie. Yn 1882 waard de militêre festing ophefd.
Rigel 27:
Sâltkamp hie oant 2008 twa skûtelantennes fan de [[Nationale Signals Intelligence Organisatie|NSO]], mei de namme Grûnstasjon Sâltkamp, foar it ôflústerjen fan tillefoanferkear oer de [[Intelsat]]satelliten. It Ministearje fan Definsje krige yn 2004, nei protesten fan bewenners, gjin tastimming fan de [[Ried fan Steate]] om it tal skûtels te fergrutsjen, dat doe is it hiele stasjon yn 2008 oergien nei [[Boerum]].
 
Simmers wie der eartiids, foar de ôfsluting fan de Lauwerssee, feartsjinst (fa. [[Wagenborg (rederij)|Wagenborg]]) fia [[De Skâns (Dongeradiel)|De Skâns]] nei [[Skiermûntseach (eilân)|Skiermûntseach]]. De boat komt no oan op [[Lauwerseach]].
 
== Keppeling om utens ==