Cascades: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: fr:Chaîne des Cascades is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 5:
It berchtme is part fan de [[Noard-Amerikaanske Gurdle]] (''North American Cordillera''), de gurdle fan berchtmes dy't de westlike râne fan Noard-Amearika beslacht en dêr't ek bygelyks de [[Rocky Mountains]] en de Pasifyske Kustberchtmes ta hearre. De fulkanen fan de Cascades binne ek ûnderdiel fan de [[Ring fan Fjoer]], it ringfoarmige gebiet rûnom de [[Grutte Oseaan]] dat ferneamd is om de ferskate [[Ierdskodding|ierdskoddings]] en fulkaanútbarstings dy't der foarkomme. Utbarstings, dy't foarkomme yn it hiele gebiet fan de Feriene Steaten, útsein [[Hawaiï]] en [[Alaska]], wiene allegear fan fulkanen yn it Cascadesberchtme. De twa meast resinte grutte útbarstings wiene dy fan [[Lassen Peak]] yn [[1914]] en [[Mount Saint Helens]] yn [[1980]]. Yn [[2005]] wie der in lytse útbarsting fan Mount St. Helens.
 
== Geology ==
[[Ofbyld:Cascade Range related plate tectonics-en.svg|thumbnail|Platentektonyk ûnder de Cascades]]
De Cascades binne lykas de [[Sierra Nevada]] en de Pasifyske Kustberchtmes ûntstean sûnt it [[Oligoseen]] (likernôch 30 miljoen jier ferlyn), as gefolch fan de pleatslike [[platentektonyk]]. It efterlizzende proses is dat de (oseanyske) Farallonplaat ûnder de westlike râne fan Noard-Amearika skoot, wêrby it opwaarme wurdt, wêrtroch [[Magma (stiente)|magma]] foarme wurdt. Dit magma stiget op en dat feroarsaket op syn bart oan it ierdoerflak fulkanisme.
Rigel 11:
Oer de rin fan miljoenen jierren hawwe der ôfwikseljend perioades west dêr't it rêstich wie mei út en troch perioades fan fulkanyske aktiviteiten. Mei útsûndering fan de útbarsting fan Lassen Peak yn it ''Lassen Volcanic National Park'' yn it noarden fan Kalifornje wiene de fulkanen mear as in ieu rêstich, oant 18 maaie 1980. Op dy dei soarge in grutte útbarsting fan Mount Saint Helens foar nijs wrâldwiid. Geologen hiene noed dat it in begjin wie fan fernijde fulkanyske aktiviteit yn it gebiet, lykas yn de perioade fan 1800 oant 1857 doe't der yn totaal 8 útbarstings wiene. Der hawwe sûnt doe lykwols gjin útbarstings mear west.
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Columbia River Gorge (3).jpg|thumbnail|De kleau fan de rivier de Kolumbia dwers troch de Cascades hinne]]
=== Namme en bewenning ===
[[Yndianen|Yndianestammen]] wiene de earste bewenners fan it gebiet.
Yn de maitiid fan [[1792]] kaam de [[Britske Ryk|Britske]] seefarder [[George Vancouver]] yn it gebiet troch de baai [[Puget Sound]] en hy begûn de bergen Ingelske nammen te jaan. Hy joech lykwols it gea sels gjin namme.
Rigel 23:
It hat dêrnei noch jierren duorre foardat der wiere ymmigraasje nei it gebiet wie, en alhoewol der tsjintwurdich ferskate grutte wegen en spoarwegen troch it gea rinne, binne grutte parten fan de Cascades noch hieltyd in slim te berikken wyldernis. In grut part fan de noardlike helte fan de High Cascades, ta noarden fan Mount Rainier, is tsjintwurdich beskerme gebiet.
 
=== Wegebou ===
Om [[1845]] hinne lutsen foar de earste kear op gruttere skaal kolonisten troch de Cascades oer de "Barlow Road". Dy wei foarme it lêste stik fan de [[Oregon Trail]]. Earder moasten de kolonisten oer de rivier (mei de gefaarlike wetterfallen) reizgje. De wei rûn fan de rivier de Kolumbia by [[Hood River (Oregon)|Hood River]] oer de pas by [[Government Camp (Oregon)|Government Camp]] nei [[Oregon City (Oregon)|Oregon City]], en wie oanlein as in toldyk - $5 de wein - mar wie nettsjinsteande dat dochs tige populêr.
 
Rigel 30:
Doe't it [[Washington Territorium]] himsels ôfskiede fan it [[Oregon Territorium]] yn [[1853]] woe men in east-west ferbining troch de Cascades oanlizze, wêrby it paad oer de [[Snoqualmie Pass]] ta einbeslút keazen waard.
 
=== Spoar ===
De [[Great Northern Railroad]] lei in Transkontinintale spoarwei oan fan [[Saint Paul (Minnesota)|Saint Paul]] ([[Minnesota]]) nei [[Seattle]] en moast dêrby troch it Cascadesberchtme gean. De rûte troch it berchtme hat sûnt de oanlizzen yn [[1893]] in tal farianten kend. Yn earste ynstânsje lei der in saneamde hinne-en-wer-paad de berch op en ôf. Dit betsjutte in grutte lingte en in slimme oergong oer it berchtme. De spoarwei lei in grut part fan it jier ûnder in tsjokke laach snie dat de finansiering fan it spoar dreech makke. Om dit better te meitsjen waarden in tal tunnels oanlein, lykas de [[Cascade Tunnel]], iepene mei in lingte fan 4.200 meter, en de [[Stampede Pass]] tunnel. De snie bleau in probleem en op 1 maart 1910 kamen 96 minsken om it libben doe't in lawine in trein rekke. Dêrnjonken blieken de útlastgassen fan steamlokomotiven in probleem. Om de problemen op te lossen waard de hjoeddeiske Cascade Tunnel mei in lingte fan 12,5 kilometer boud tusken [[1925]] en [[1929]]. De tunnel leit 153 meter leger ferlike mei de foarige tunnel en betsjut dus dat treinen minder klimme te hoegen.
 
== Wichtige bergen ==
[[Ofbyld:Mt Hood from Trillium Lake.jpg|thumbnail|Mount Hood, it heechste punt fan Oregon]]
Wichtige piken yn it berchtme fan noard nei súd.
Washington:
* [[Mount Baker]] (3286 m)
* [[Mount Rainier]] (4392 m)
* [[Mount Saint Helens]] (2550 m)
* [[Mount Adams]] (3743 m)
 
Oregon:
* [[Mount Hood]] (3429 m)
* [[Mount Jefferson]] (3199 m)
* [[Three Sisters]], noard (3157 m), mid (3062 m) en súd (3074 m)
* [[Mount Bachelor]] (2764 m)
* [[Mount McLoughlin]] (2894 m)
 
Kalifornje:
* [[Mount Shasta]] (4322 m)
* [[Lassen Peak]] (3187 m)
 
== Kratermarren ==
Nijsgjirrich binne de kratermarren, lykas [[Crater Lake]] yn it suden fan Oregon en [[Medicine Lake Fulkaan]] yn Noard-Kalifornje.
 
Rigel 64:
[[Kategory:Berchtme yn Oregon]]
[[Kategory:Berchtme yn Kalifornje]]
 
{{Link FA|fr}}