Roptastate (Mitselwier): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije link
L red.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Roptastate, J. Stellingwerf.jpg|thumb|280px|''Roptastate begjin 18e ieu troch [[J. Stellingwerf]]'']]
 
'''Ropta state''' wie eartiids in [[state]] ynûnder [[Mitselwier]]. De state waard boud yn de [[13e ieu]] troch [[Worp fan Ropta (1297)|Worp fan Ropta]] en is ieuwenlang bewenne west troch de aadlike famylje [[Ropta]].
 
Yn de [[Saksentiid]] wie Ropta state, Grut Ropta, in wichtige [[stins]] mei apart dêrfan in pleats, Grut Ropta en Lyts Ropta. Ek doe wenne der in Ropta, nammentlik [[Worp fan Ropta (1505)|Worp fan Ropta]] op de State. Hy waard berne yn [[1505]], en wie letter [[grytman]] fan [[Dongeradiel]] ([[1542]]), en [[âlderman]] fan [[Dokkum]] ([[1550]]). Syn dochter [[Cunera fan Ropta|Cunera]] (Cnier) wie troud mei [[Christoffel fan Sternsee]] in út Dútslân kommen ealman. Sy wennen net op Ropta State, want Christoffel wie âlderman fan [[Harns (stêd)|Harns]] en ek grytman fan [[Barradiel]]. Harren soan Carel wenne mei syn frou Luts fan Kamminga op it [[Sjaerdemaslot]] yn Frjentsjer. Syn namme is noch bewarre bleaun yn de âlde namme fan it Sjûkelân dêr't de [[PC]] hâlden wurdt, nammentlik it ''Sternse Slotland''. Hy stoar yn 1615. Syn erfgenamt waard Bocke fan Humalda. As betingst stelde Carl dat Bocke de namme fan Sternsee oannimme moast. Yn 1709 is ek dy famylje útstoarn.<br>
 
Yn [[1731]] waard Grut Ropta ôfbrutsen. De sterke poarte bleau earst noch stean, enmar waard yn [[1769]] ôfbrutsen. Doe ferdwûn it lêste part fan in stins dy't ea ferneamd wie om syn sterkens.
 
== Bewenners ==