Powder (rivier yn Montana): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 4 jun 2014 om 23.21

De rivier de Powder (útspr.: ['paudǝɹ]; Assiniboin: Caȟní Wakpá, útspr.: [ʧax'ni: wak'pa:]) is in 604 km lange sydstream fan 'e rivier de Yellowstone, yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Montana en it noardeasten fan 'e steat Wyoming. It ûntwetteret de krite dy't histoarysk bekend stie as it Powderrivierlân, mar dat tsjinwurdich almeast oantsjut wurdt as de Dobbe fan de Powderrivier, op 'e heechflakte eastlik fan 'e Bighornbergen. Syn namme, dy't fan gun powder ("buskrûd") komt, hat de rivier te tankjen oan it sân by in diel fan 'e iggen lâns, dat de iere ûntdekkingsreizgers oan buskrûd tinken die. Dizze Powderrivier moat net betize wurde mei in rivier mei deselde namme yn 'e steat Oregon.

De rivier de Powder yn Johnson County, yn 'e steat Wyoming.

De Powder fynt syn oarsprong yn trije fertakkings yn 'e bergen fan Wyoming. De noardlike en middelste dêrfan ûntspringe op 'e eastlike skeanten fan 'e Bighornbergen, wylst de súdlike begjint op 'e noardkant fan 'e berch de Garfield Peak, yn 'e Granytbergen bewesten de stêd Casper. De trije fertakkings komme byinoar yn it heuvelige foarlân fan 'e Bighornbergen, yn 'e neite fan it stedsje Kaycee. De feriene rivier streamt dêrwei beëasten de Bighorns noardoan oer de grins mei Montana, dêr't de Lytse Powder deryn útmûnet by it stedsje Broadus. De Powder sels mûnet likernôch 80 km streamôf fan Miles City út yn 'e Yellowstone.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.