Protter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L redsje
Rigel 8:
[[Ofbyld:Sturnus vulgaris MHNT.ZOO.2010.11.215.Courtalain28.jpg|thumb|'' Sturnus vulgaris'']]
 
De '''Protter''' (''Sturnus vulgaris'') as Staar, Staring, Stark en Starring, is in lânseigen fûgel in [[Jeropa]] en [[Aazje]]. Hy is ek oerbrocht troch de minsken nei [[Noard-Amearika]], [[Súd-Afrika]], [[Austraalje ]]en [[Nij Seelân]]. Omdat protters harren maklik oanpasse wurde se yn inkele fan dizzedy lânnen al as in pleach sjoen.
 
== Uterlik ==
Rigel 14:
 
== Fuortplanting ==
De protter hat syn nest yn in holte, bygelyks yn in beam of in nestkast. Hy leit 3-6 [[Aai (bist)|aaien]] der't beide fûgels sa'n 2 wiken op briede. De jongen bliuwe 3 wiken op it nest foar at se útfleane.
 
== Gedrach ==
Yn de hjerst en winter foarmje de protters grutte kloften. By jûntiid issammelje ditsy inhar' machtigyn gesichtin atgrutte se harren sammeljegroep en yn ien grutte groepsykje in sliepplak opsykjeop. De fûgels yn Nederlân binne foar it grutste part [[trekfûgel]] en lûke meast wat nei it suden en westen ta, sa as Frankryk en Grut-Brittanje. Op de plakken wêrdêr't se oerwinterje foarmje de protters somtiden wol kloften fan oant 1 miljoen fûgels.
 
Protters binne by steat om de lûden fan oare fûgels nei te dwaan.
 
== Protters op it menu ==
Yn eardere ieuwen stiene jonge protters yn grutte parten fan Europa by de minsken op it menu. De jonge fûgels waarden fongen yn saneamde protterpotten[[protterpot]]ten, in [[Keramyk|keramyske]] nêstgelegenheid. De protterpot hie in fleangat en wie oan de efterkant, dy't tsjin de muorre hong, iepen, sadat de jonge fûgels der krekt foar it útfleanen maklik út heljen wienen. Oan wjerskanten fan it fleangat sieten gatsjes, dêr't men, as de fûgels grutter waarden, stokjes troch stuts om foar te kommen dat de protters útfleagen. It Nederlânsk sprekwurd ''"Ergens een stokje voor steken"'' iskomt dêr fan ôfkomstichôf. Protterpotten binne tsjintwurdich wer yn swang as nêstgelegenheid.
 
De protters waarden ferwurke ta pastei of der waard prottersop fan makke.