Arthur Conan Doyle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Conan doyle.jpg|thumb|right|200px|Arthur Conan Doyle.]]
'''Arthur Conan Doyle''' (folút: sir '''Arthur Ignatius Conan Doyle'''; [[Edinburch]], [[22 maaie]] [[1859]] – [[Crowborough]], [[7 july]] [[1930]]) wie in [[Grut-Brittanje|Britsk]] [[dokter|medikus]] en [[skriuwer]], dy't fral bekend wurden is troch syn [[roman]]s en [[koart ferhaal|koarte ferhalen]] oer de [[detektive (berop)|detektive]] [[Sherlock Holmes]] en syn assistint dokter [[John Watson]], dy't as mylpeallen en masterwurken op it mêd fan it [[detektiveferhaal|detektivesjenre]] beskôge wurde. Doyle hie in breed oeuvre en is ek bekend as auteur fan boeken en ferhalen yn 'eit sjenressjenre fan 'e [[fantasy (sjenre)|fantasy]] en de [[science fiction]] (bgl. syn roman ''The Lost World''). Teffens skreau er [[histoaryske roman]]s, [[toanielstik]]ken, [[poëzij]] en non-fiksje. Njonken syn medysk wurkpaad, syn karriêre as skriuwer en syn twa houliken lei Doyle him ek ta op [[polityk]] en [[spiritisme]], en besocht er mei súkses in pear rjochterlike dwalings te korrizjearjen.
 
== Namme ==
Rigel 24:
Mar hy die it àl. Yn desimber [[1893]] liet Doyle Holmes tegearre mei syn aartsfijân perfester Moriarty deafalle oer de [[Reichenbachwetterfal]] yn [[Switserlân]], yn it ferhaal ''The Final Problem''. De algemiene en oanhâldende ûntsteltenis fan syn lêzerspublyk, lykwols, twong him min ofte mear om syn bekendste held yn [[1901]] werom te heljen foar it boek ''[[The Hound of the Baskervilles]]'', hoewol't dat eins in ''[[prequel]]'' oftewol in "neiprolooch" wie, dy't foàr Holmes syn ûnderstelde dea spile. It ferhaal ''The Adventure of the Empty House'', út [[1903]], spilet lykwols àl nei it Reichenbach-ynsidint, en dêryn wurdt útlein dat Holmes syn eigen dea yn sêne set hie om syn fijannen op in dwaalspoar te bringen. Uteinlik soene Sherlock Holmes en dokter Watson de haadrol spylje yn 4 [[roman]]s en 56 [[koart ferhaal|koarte ferhalen]] (4 losse koarte ferhalen, 3 [[toanielstik]]ken en in nea útwurke plot net ynbegrepen). Neitiid binne dêr noch withoefolle Sherlock Holmes-imitaasjes fan bewûnderders fan Doyle by kommen, lykas, om mar ien te neamen, ''[[The Adventure of the Lady on the Embankment]]'', in ier wurk fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] skriuwster [[Lois McMaster Bujold]], dy't letter in grutte namme wurden is yn 'e fantasy- en science fictionliteratuer.
 
Njonken syn Sherlock Holmes-ferhalen hat Doyle ek in stikmannich [[histoaryske roman]]s skreaun: de "bettere dingen", dêr't Holmes syn tinzen fan ôflate. Iroanysk genôch binne dy sûnder útsûndering by it grutte publyk yn 'e ferjitnis rekke, wylst Sherlock Holmes in namme is dy't elkenien ken. Ek skreau Doyle [[fantasy (sjenre)|fantasy]] en [[science fiction]], dêr't benammen de ''Perfester Challenger''-ferhalen fan neamd wurde moatte. De bekendste dêrfan is ''The Lost World'', út [[1912]], wêryn't in ferlerne wrâld ûntdutsen wurdt dêr't de [[dinosauriërs]] noch fuortlibje. Fierders binne fan Doyle syn hân ek [[poëzij]] en non-fiksje ferskynd.
 
=== Priveelibben ===