Pest: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: de:Pest is een etalage-artikel
Rigel 4:
 
== Skiednis ==
Al yn de [[Grykske âldheid]] hearsken der epidemyen fan in ûnbekende sykte dy’t letter de namme pest krige. Yn de [[Grykske mytology]] wie it [[Apollo]] dy’t dizze sykte mei syn pylken ferspriede. Dat dizze sykte doe al epidemysk west hat is nei alle wissichheid net wier. Ek is it net wis oft al dizze epidemyen en sels de swarte dea wol de sykte is dy’t wy hjoed de dei de pest neame. It is al lang ferlyn en direkt bewiis is net mear foar hannen. De sykte beskriuwingen út dy tiid lizze de klam op ferskillende symptoanen dy’t net altyd by de pest hearre. Analyze fan it ferspriedingspatroan en besmettingswize hawwe ferskillende oare syktes oplevere, lykas it [[EboloafirusEbolafirus]], it [[Marburgfirus]] of it [[Hantafirus]].
 
Der wurdt tocht dat de oarsprong fan de sykte yn [[Mongoalje]] leit. It is wis dat de earste syktegefallen yn Aazje lizze. Yn Jeropa waard de pest foar it earst fûn yn Itaalje, dêrnei ferspriede de sykte him mei de klok mei: [[Frankryk]], [[Spanje]], [[Ingelân]] yn [[1438]], [[Dútslân]], [[Noarwegen]] yn [[1349]], en as lêste [[Ruslân]] rûn[[1351]].
Rigel 12:
Yn [[Nederlân]] kaam de pestepidemy oant de [[17e ieu]] foar. De lêste útbraak wie yn [[1668]]. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] hat it [[Japan]]ske leger de pest as in biologysk wapen ynset. Yn [[Mantsjoerije]] waarden boargers en kriichsfinzenen opsetlik mei de sykte ynfektearre. De effekten waarden bestudearre en de slachtoffers waarden somtiden by bewustwêzen ûntlede. Ek waarden besmetlike flieën ûnder de [[Sina|Sinezen]] ferspriede. Dit soe oan mear as 200.000 Sinezen it libben kostje.
 
Der is lang tocht dat rôten en de flieën dy’t se mei harren meidroegen de fersprieders wiene fan de sykte. Tsjintwurdich binne der ek teoryen dat de sykte troch de loft ferspraat waard . Yn dat gefal giet it net om de baktearje “Yersinia pestis”, wêrfan mei wissichheid oantoand is dat rôteflieën en ek minskeflieën de fersprieders wienen.
 
== Symptoamen ==