Beek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nedige side
 
Opfearten binne hast nea natuerlike streamkes
Rigel 2:
In '''beek''' is in fierhinne natuerlike stream fan ûndjip [[wetter]], dy't fanút syn oarsprong, faak in boarne, streamôf floeit. As ferskate beken gearstreame en it wetter dêrtroch yn grutte en djipte oanwint, wurdt it in [[rivier]] neamd. Oer it algemien kin men stelle dat in beek oeral trochwâdber is, wylst men by in rivier in [[furde]] opsykje moat om him oer te stekken sûnder dat men hoecht te swimmen.
 
Yn [[Nederlân]] hawwe de measte beken troch yngripende [[kanaal (wetterwei)|kanalisaasje]] har natuerlike karakter ferlern. Yn [[Fryslân]] is dat noch helte mearek it gefal. In grut part fan 'e wetterwegen dy't wy no kenne as [[opfeartfeart]]en, binne ûntstien út natuerlike wetterrinnen (oftewol beken) dy't rjochtlutsen of ferlein binne om't dat de minske better útkaam.
 
Natuerlike beken kinne ferdield wurde yn trije soarten: leechlânbeken, sypbeken en boarnbeken. Leechlânbeken wurde fet troch [[delslach (waar)|delslach]] en periodyk ek troch de ôfwettering fan oerstallich [[grûnwetter]]. Sypbeken binne in spesifyk soarte fan leechlânbeken, dy't net út en troch ris, mar altyd fet wurde troch ôfwettering fan grûnwetter. En boarnbeken ûntspringe by wiere boarnen, dêr't it grûnwetter omheech boarrelet.