Nekke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
L wurdkar, neat oan de handa
Rigel 2:
De '''nekke''' is it [[rêch|dorsale]] diel fan 'e [[hals (lichemsdiel)|hals]]. By [[sûchdieren]] bestiet de nekke út [[hier|behierre]] [[hûd]], [[spier]]en en it boppeste diel fan 'e [[wringe (rêchbonke)|wringe]] of rêchbonke ([[Nederlânsk]]: ''ruggengraat''), dy't op syn beurt wer bestiet út ferskate ôfsûnderlike [[wringe (draaibonke)|wringen]] of draaibonken (''wervels''). Hast alle sûchdieren hawwe 7 fan sokke bonkjes yn 'e nekke, behalven de [[loaierts]], dy't der 6 oant 9 hawwe kinne. Hoewol't de hals fan in [[sjiraffe]] folle langer is as dy fan in minske, hat ek dy mar sân [[nekwringe]]n, al binne dy fansels folle grutter en langer. Ek [[walfiskeftigen]] hawwe sân nekwringen, mar by harren binne dy troch har [[evolúsjeteory|evolúsjonêre]] ûntwikkeling krekt sterk ôfplatte en faak min ofte mear mei-inoar fergroeid.
 
By de minske is de nekke ûnder normale omstannichheden wat hol (fertoanthat in lichte [[lordoaze]], yn medysk jargon), om te kompinsearjen foar de lichte bolheid ([[kyfoaze]]) fan 'e [[boarstwringe]]n (''borstwervels''). De yndividuële nekwringen wurde fan boppenôf yn medysk jargon C<sub>1-7</sub> neamd. De C stiet foar ''cervix'', dêr't it [[eigenskipswurd]] foar de nekke, "servikaal", fan ôflaat is. De nekwringe C<sub>1</sub> wurdt ek wol de [[atlaswringe]] neamd en C<sub>2</sub> hjit fan [[aksiswringe]]. De oare fiif hawwe gjin selsstannige nammen. De atlaswringe wurdt sa neamd om't er de [[holle]] draacht (nei [[Atlas (mytology)|Atlas]], dy't yn 'e [[Grykske mytology]] de wrâld droech). De atlaswringe stiet op in opsteand stikje fan 'e aksiswringe ("aksis" betsjut "as"), en dêrtroch is men by steat en draai de holle.
 
By ûngemakken mei in protte enerzjy kin der op it plak dêr't de atlaswringe en de aksiswringe gearkomme in brek ûntstean. Dat is tige gefaarlik, want as it [[rêchpiid]] (''ruggenmerg''), it binnenste fan 'e wringen, op dat punt skansearre rekket, sil men dat foar 't neist net oerlibje. De ''[[nervus phrenicus]]'', in [[senuw]] dy't nei it [[mulruft]] ta rint en it [[sykheljen]] beävensearret, rint hjir nammentlik troch it rêchpiid, endat it ôfsnijen fan dy senuw hâldt dus ynbetsjut dat mender net mear sykhelje wurde kin. De atlaswringe en de aksiswringe binne de iennichste draaibonken dy't net skaat wurde troch in [[tuskenwringeskiif]]. Soms kinnekin it m dy skiven op oare plakken heal tusken de draaibonken wei skowe, wat in tige pynlike [[nekhernia]] opsmyt, dy't mooglik ek liede kin ta krêftsferlies oan ien kant fan it lichem en in dôf gefoel yn ien fan 'e [[earm]]s.
 
De nekwringen wurde stabilisearre troch de [[nekspier]]en en in ûnbidich grut [[spierbân|spierbanne-apparaat]], dat teffens grutdiels it gewicht fan 'e holle draacht. By beskate ûnferwachtse hurde bewegings (lykas in oanriding fan efteren) kinne dy spieren en/of spierbannen ferrutsen of ferstûke reitsje, wat in ''[[whiplash]]'' ("swypslach") neamd wurdt. Soks is tige dreech om wer te genêzen, en men hâldt derkin faak jierren lêst fanjaan. Ek [[pineholle]] (yn 'e foarm fan [[spanningspineholle]]) wurdt faak feroarsake troch in te grutte spanning op 'e nekspieren.
 
{{boarnen|boarnefernijing=