Boeing B-29 Superfortress: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kt
sa dan
Rigel 1:
{{wurk}}
[[ofbyld:B-29 in flight.jpg|thumb|275px|B-29 Superfortress]]
De '''Boeing B-29 Superfortress''' wie in swiere Amerikaanske bommesmieter mei fjouwer propellermotors. De B-29 waard (as Boeing Model 345) neffens de easken fan de [[United States Air Force|Amerikaanske loftmacht]] ûntwurpen; dy hie ferlet fan in langeôfstânsbommesmiter dy't op grutte hichte operearje kinne moast. De earste flecht wie op [[21 septimber]] [[1942]] (XB-29). It type waard bekend troch [[6 augustus]] [[1945]] in [[atoombom]] [[Hiroshima]] te smiten; dat tastel hiet ''[[Enola Gay]]''. De atoombom op [[Nagasaky]] waard troch de B-29 "[[Bockscar]]" smiten.
== Koarte skiednis ==
De B-29 waard (as Boeing Model 345) ûntwurpen neffens de easken fan de [[United States Air Force|Amerikaanske loftmacht]], dy't ferlet hie fan in langeôfstânsbommesmiter dy't op grutte hichte operearje kinne moast. De earste flecht wie op [[21 septimber]] [[1942]] (XB-29).
 
De B-29 wie de earste swiere bommesmiter fan de Amerikanen mei [[drukkabine]]s, sadwaande koe de bemanning noflik har wurk dwaan op grutte hichte. De [[geskutskoepel]]s koene allegearre op ôfstân betsjinne wurde, dat wie ek nij.
 
De B-29 is allinnich brûkt by de fronten yn de [[Stille Oseaan]]. Hie de oarloch langer duorre wiene se nei alle wierskyn ek yn Jeropa op it toaniel ferskynd. It tastel waard fan [[novimber]] [[1944]] ôf yn grutte oantallen ynset by bombardeminten op [[Japan]]ske stêden, en smieten dus ek de [[atoombom]]men op Hiroshima en Nagasaki. De B-29 wie ek yn de [[Koreaanske Oarloch]] operasjoneel.
 
Likernôch 80 tastellen hawwe yn de peroade 1950-1953 ûnder de namme Washington B.1 foar de Britske [[Royal Air Force]] (RAF) flein,; sy waarden ferfongen troch de [[English Electric Canberra|Canberra]] mei stielmotoren. Ek by de [[Royal Australian Air Force]] haww twa eardere RAF Washington B.1 tsjinne. Yn Rusland hat Tupolev de B-29 neiboud mei de type-oantsjutting [[Tu-4]] ''Bull'', dy't ek tsjinne hawwe yn [[Sina]].
 
Der binne sa'n 3970 eksimplaren fan de B-29 boud; 2756 troch Boeing, 668 troch [[Bell Aircraft Corporation]] en 536 troch [[Glenn Martin]]. Fan [[1960]] ôf oan waarden se ferfongen troch de [[Convair B-36]] en de [[Boeing B-52]].
 
De B-29 wie de foarrinner fan in rige troch Boeing makke bommesmiters, transportfleantugen, tankers, ferkenningsfleantugen en trainers. In transportfleanmasine dy't ôflaat waard fan de B-29 wie de [[Boeing C-97 Stratofreighter|C-97]] (earste flecht yn 1944), folge troch de de kommersjele fariant Boeing [[Boeing 377|Model 377 Stratocruiser]] yn [[1947]]. De tankerfariant fan de B-29 kaam yn [[1948]] as [[Boeing KB-29|KB-29]] en de fan it Model 377 ôflate [[Boeing KC-97 Stratotanker|KC-97]] ferskynde yn [[1950]].
 
== Technyske feiten ==