Sistersjinzers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ guon feiten út it wiske lemma 'Bernardinen'
L redke, mar der falt noch wol wat te berêden
Rigel 15:
Oan de ein fan de [[12e ieu]] waarden de earste sistersjenzerkleasters yn Nederlân stifte. Troch de oarder waard yn Fryslân yn [[1165]] fan [[Clairvaux]] en de [[Abdij fan Riddagshausen]] út as earste it [[Kleaster Klaarkamp]] by [[Rinsumageast]] stifte.
 
De prealsucht naam, doe't de ekonomy yn West-Europa opbloeide, hieltiten gruttere dffoarmenfoarmen oan (sjoch ek [[Habyt fan sistersjenzerinnen]]). Omdat Jezus, neffens [[Evangeelje nei Matteüs|Matteüs]] 10:9, oer frijwillige earmoede fan syn apostels sprutsen hie, ûntstie tsjin dizze tastân protest dat liede ta de stifting fan herfoarmingsbewegingen binnen de oarder. Dizze rjochten har ûnder oare tsjin it ferskynsel, dat ynstee fan keazen abten saneamde 'commendataire abten' oan it haad fan it kleaster kamen. Sokke abten wienen persoanen dy't de abdij kocht hienen en dy't men eins nea seach yn it kleaster. Dat late ta geastlik ferfal, bygelyks omdat troch de ôfwêzigens fan in abt de regeltucht in soad te winskjen oerliet.
 
== Trappisten ==
Ofskieden fan de sistersjenzers binne de [[trappisten]] - se libje neffens de strangere regel, de saneamde strikte observânsje, en foarmje in selsstannige oarder. Ek yn de sistersjenzer oarder kaam it sa stadichoan wer ta in stranger libben en in útwurke spiritualiteit. De beneaming trappisten is ôflieden fan it Frânske kleaster [[abdij Notre Dame de la Grande Trappe|La Trappe]] dêr't abt [[Jean de Rancé|Armand Jean le Bouthillier de Rancé]] yn [[1664]] strange regels ynstelde dy't op oare plakken neifolging krigen. Yn [[1892]] is foar de lêste kear besocht om sistersjenzers en trappisten wer yn ien Oarderoarder te ferienjen, mar om'e nocht. In de [[Lege Lannen]] hawwe de trappisten de sistersjenzers benefterlitten. Neist fiif trappistenkleasters ([[Berkel-Enschot]], [[Sundert (plak)|Sundert]], [[Diepenveen]], [[Echt (Limburch)|Echt]] en [[Tegelen]]) is der yn Nederlân mar ien sistersjenzerabdij, [[abdij Mariënkroon]] yn [[Nieuwkuijk]].
Frij bekend is ek de Belgyske [[abdij fan Westmalle|trappisten-abdij fan Westmalle]].
 
== Kleasters yn Fryslân ==
** [[Kleaster Klaarkamp]] ([[1165]] - ) by [[Rinsumageast]]
*** [[Nijewier|Kleaster Sion]] (foar 1200 - [[1580]])
*** [[Kleaster Gennaart]] ([[1191]] - 1580)
*** [[Kleaster Blomkamp]] (1191 - 1580)
**** [[Nijekleaster (Skearnegoutum)]] ([[1233]] - 1580)
*** [[Kleaster Aduart]] ([[Westerkertier]], [[1192]] -1580)
 
== Keppeling om utens ==