Anna Maria fan Schurman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
oanfollinkje fan nl:
Rigel 1:
[[Image:Anna Maria van Schurman.JPG|thumb|right| Anna Maria fan Schurman, 1649 skildere troch [[Jan Lievens]]]]
[[Ofbyld:AnnaMaria_vanSchurman.jpg|thumb|''Anna Maria fan Schurman'', selsportret (1633)]]
'''Anna Maria fan Schurman''' ([[Keulen]], [[5 novimber ]] [[1607]] - [[4 maaie]]/[[14 maaie]] [[1678]]) wie in Nederlânske[[Nederlân]]ske dichteres en gelearde fan [[Dútslân|Dútsk]] komôf. Se wie wierskynlik ien fan de meast gelearde froulju fan de [[17e ieu]] dy't alles wist fan [[keunst]], [[muzyk]] en [[literatuer]]. Ek wie se in echte [[Polyglot|talekenner]], se koe alle moderne Jeropeeske talen prate lykas: [[Dútsk]], [[Ingelsk]], [[Frânsk]] en [[Nederlânsk]] mar koe ek [[Latynsk]], [[Gryksk]], [[Hebrieusk]], [[Arabysk]],[[ Syriaksk]], [[Arameesk]] en [[Etiopysk]].
 
==Libben==
Se wie de dochter fan rike âlden, [[Frederik fan Schurman]] en [[Eva fan Harff de Dreiborn]]. It wie al gau dúdlik dat it famke Anna hiel tûk wie. Op har fjirde koe se al lêze. Yn dy tiid wie dat hiel bysûnder.<br>
Yn [[1613]] nei de dea fan har heit ferhuzet se nei [[Utert (stêd)|Utert]], mei har mem en twa muoikes. Yn [[1636]] studearre se as de earste froulike studint op de [[Universiteit fan Utert]]. Froulju mochten yn dy tiid eins net studearje, as Anna les krige dan moast se efter in grut gerdyn sitte sadat de manlike studinten har net seagen. Anna hie ferskate ynteresses lykas literatuer en ferskillende takken fan wittenskip mar se wie foaral ynteressearre yn [[Teology]]. Se wie ynearsten in folgeling fan [[Gisbertus Voetius]], mar waard letter in folgeling fan [[Jean de Labadie]], hoewol't hja befreone bleau mei de famylje Voetius.
 
Anna Maria wie ek hiel keunstsinnich, sy makke [[gravueresgravuere]]s. Dat die se troch mei [[diamant]] op glês te skrassen. Se waard in ekspert op it gebied fan byldhouwen; se koe goed modellen meitsje fan bijewaaks, ek wie se goed yn it snijen yn [[ivoar]] en hout. Se skildere en dan benammen portretten.
 
Yn 1664 moete se [[Jean de Labadie]], in [[Jezuïten|Jesuit]] dy’t bekeard wie ta it [[protestantisme]]. Hy starte in religieuze sekte mei de namme [[Labadisme]]. Anna Maria wie fassinearre troch Labadie en syn ideeën waarden in help yn it libben fan Anna Maria. De sekte ferhuze nei [[Amsterdam]] mar wie dêr net wolkom. Se ferhuzen noch in kear, no nei [[Altona]] (doe [[Denemark]], en no [[Dútslân]]), dêr ferstoar Jean de Labadie yn 1674. Dêrnei ferhuze de groep nei [[Wiuwert]] yn [[Fryslân]], dêr't Anna Maria sels ferstoar. It Labadisme ferdwûn likernôch 70 jier letter.
 
==Publisearre wurk==
In kar:
''Ynkomplete list''
 
* Se hat publisearre 'of de stúdzje fan literatuer past by in Kristlike frou?' It is earst yn it [[Nederlânsk]] drukt, letter is it fertaald yn it [[Frânsk]] en [[Ingelsk]].
:Se fûn dat froulju nei skoallen mochten en moasten mar se mochten neat dwaan mei harren oplieding, in stúdzje mocht net de húslike taken bedjerre. Foar dy tiid wie dit in radikale posysje.
* Anna Maria publisearre har lêste wurk "Eucleria" (1673) mei de stipe fan [[Jean de Labadie]].
 
==Ferneamd==
* Liedklok - Op [[18 septimber]] [[2010]] waard der yn [[Utert (stêd)|Utert]] in liedklok getten dy't de namme Anna Maria krige, ferneamd nei de earste frouljus studint oan de [[Universiteit Utert]]. De klok kaam te hingjen yn it tuorke fan it [[Akademygebou (Utert)|Akademygebou]]. It wie in geskink fan it [[Utertsk Klokkelieders Gilde]] by gelegenheid fan it 75e lustrum yn 2011.
 
==Literatuer==
* {{aut|Mirjam de Baar}} e.o. red., ''Anna Maria van Schurman (1607-1678), een uitzonderlijk geleerde vrouw'' (Sutfen 1992)
* {{aut|Pieta van Beek}}, ''The First Female University Student: Anna Maria van Schurman (1636),'' Igitur Utrecht Publishing (2010) ([http://igitur-books.library.uu.nl/bookdetails.php?bookid=022 hjir te laden])
 
== Sjoch ek ==
* [[Nederlânsktalige dichters]]
* [[Kanon fan Fryslân]]
 
== Keppeling om utens ==