Che Guevara: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]](), neat oan'e hân
Rigel 1:
[[Ofbyld:Che Guevara June 2, 1959.jpg|thumb|Che Guevara, Kuba 1962]]
'''Ernesto "Che" Guevara''' ([[Rosario (Argentynje)|Rosario]] ([[Argentynje]]), [[14 juny]] [[1928]] - [[La Higuera (Bolivia)|La Higuera]] ([[Bolivia]]), [[9 oktober]] [[1967]]), ek wol '''Che Guevara''' of koartwei '''Che''' neamd, wie in [[Argentynje|Argentysk]] [[Marksisme|marksistysk revolusjonêr]], politikus, skriuwer, dokter en guerrilla-strider.
 
Guevara is in ferneamd revolusjonêr. Hy wie ien fan de foaroanmannen by de machtsoername op [[Kuba]] yn [[1959]]. Dêrnei focht er yn Kongo. Syn lêste reboelje wie yn [[Bolivia]].
 
== Bernetiid en jeugd ==
Ernesto Guevara wie hikke en tein yn Rosario, [[Argentynje]]. Guevara hat al syn libben problemen hân mei syn sûnens. Doe't er trije wie krige er lêst fan [[astma]]. Hy lies in protte, sawol boeken fan [[Sigmund Freud]], [[Charles Baudelaire]], [[Karl Marx]] en [[Giovanni Boccaccio]], mar ek minder swiere boeken lykas 'Robinson Crusoë' en 'De trije musketiers'. Guevara wie yn syn jeugd by ferskillende sportferienings aktyf, mar [[rugby]] wie syn favoryt. Yn [[1948]] gong Guevara nei de universiteit fan [[Buenos Aires]] en studearre dêr medisinen. Yn 1951 makke er in motorreis troch [[Latynsk-Amearika]] mei syn maat [[Alberto Granado]]. It doel fan dy reis wie de [[lepra]]koloanje oan de rivier de [[Amazône]] yn [[Perû]], dêr't sy as frijwilligers oan't wurk woenen. It deiboek fan syn reis, ''The Motorcycle Diaries'', waard in ''bestseller'' (ferfilme yn 2004).
 
== Kuba ==
Rigel 11:
 
== Nei Kuba ==
Yn [[1965]] makket Guevara in reis nei Kongo, om mei de rebellen dêr te striden. De revolúsje yn Kongo wie gjin sukses. Guevara moast him mei oare Kubaanske troepen weromlûke út de striid. Nei de mislearre revolúsje makke er in reis nei ferskillende lannen. Hy reizge fan Kongo nei [[Tanzania]], [[Praach]], Kuba (geheime reis), [[Moskou]], Praach, [[Wenen]] nei [[Bolivia]]. Op 3 novimber 1967 slút er him by de oare revolusjonêren yn Bolivia oan. De striid fan de revolusjonêren yn Bolivia mei sa'n 50 guerrillas hie yn maart 1967 súkses. Dochs krigen de guerrillas gjin stipe fan de boeren en ek net fan de Kommunistyske Partij. It leger fan Bolivia waard sterker en krige ek noch stipe fan de [[Feriene Steaten]]. Op 8 oktober waard Guevara ferret troch in deserteur. Syn eksekúsje is in dei letter.
 
== Literatuer ==