Content deleted Content added
nije side
 
Lokkich wurde boarsten net beskerme troch in bonkekoai!
Rigel 6:
De búkholte is fan 'e [[boarstholte]], dêr't it [[hert]] en de [[long]]en lizze, ôfskaat troch it [[mulruft]] of middelruft ([[Nederlânsk]]: ''middenrif''; [[Latyn]]: ''diafragma''). Dat is in [[spier]] mei de foarm fan in tinne koepelfoarmige plaat, dy't by gearlûking de boarstholte fergruttet yn it neidiel fan 'e búkholte, sadat de longen har folsûge kinne mei lucht. Om't it yngewant fan 'e búkholte mar kwealk fierder gear te drukken falt, puollet troch de wurking fan it mulruft de [[búkwand]] nei bûten ta út.
 
Oan 'e bûtenkant is de búk oerdutsen mei hûd, en yn 'e midden befynt him de [[nâle]]. By bisten is de búk yn 'e regel behierre; by de minske is dat by manlju meastal yn beheinde mjitte ek sa, wylst by froulju de búk ornaris keal is. By manlju bestiet de behierring meastal út in net al te tichte streek hier tusken de nâle en de [[geslachtsdielen]]. De búk is, fral by minsken, dy't rjochtop rinne en dus net de búk mei de rest fan it lichem beskermje kinne, in kwetsber lichemsdiel. OarsDe as it [[boarst]]búk wurdt de búk net beskerme troch in koai fan [[bonke]]n ([[ribbekast]]), en dêrom sprekt men yn it [[Frysk]] ek wol fan it '''weak fan 't liif'''.
 
{{boarnen|boarnefernijing=