Quito: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ plaatsjes
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 47:
 
== Koarte skiednis ==
Yn de heechlannen fan Kito wenne oant yn de [[13e ieuiuw]] it folk fan de ''Quitus'', dat letter oerhearske waard troch de ''Caras'' út de kustgebieten. Beide folken fermongen har ta de ''Shyry'' en dat folk bleau yn dy kontreien oant de komst fan de [[Inka's]] yn de [[15e ieuiuw]].
 
Nei de ferôvering troch de Inka's wie Kito neist [[Kûzko]] en [[Kajamarka]] (beide yn it [[Perû]] fan no) in stêd fan belang yn it Inkaryk. De stêd waard it sintrum fan keizer [[Atahualpa]] syn ryk; hy rekke yn oarloch mei syn broer [[Huaskar]] dy't fanút Kuzko operearre. Under de ferovering troch de [[Spanje]]rts yn [[1534]] waard de stêd oant de grûn ta ôfbaarnd, mar fannijs stifte ûnder de namme ''Muy noble y muy leal ciudad de San Francisco de Quito'' ('Tige heechsteande en tige loyale stêd fan Sint Fransiskus fan Kito').
Rigel 53:
Quito groeide yn 300 jier tiid út ta in stêd fan likernôch 10.000 ynwenners. Op [[10 augustus]] [[1809]] begûn yn Kito de rop om ûnôfhinklikens fan Spanje. Yn [[1822]] fersloegen ûnôfhinklikheidsstriders it Spaanske leger, en it lân sleat him dêrnei oan by de [[Grut-Kolombia|Republyk Grut-Kolombia]] fan [[Simón Bolívar]]. Yn [[1830]] foel dy republyk út elkoar en waard Ekwador in ûnôfhinklike republyk mei Kito as haadstêd.
 
Yn de [[20e ieuiuw]] groeide Kito omraak, benammen troch de [[yndustrialisaasje]] en de migraasje fan it plattelân nei de stêd.
 
== Partnerstêden ==