Seelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 14:
datum = 2012 |
befolkingstichtens = 213 |
folksliet = SieuskSiuwsk folksliet |
kaart = [[Ofbyld:Zeeland-Position.png|Lokaasje fan de provinsje Seelân]] |
Kommissaris fan Keninginne = [[Han Polman]] ([[D66]]) |
Rigel 24:
Seelân waard al foar de tiid fan de [[Romeinen]] bewenne. Ut dy tiid stamme ek de bylden fan û.o. de godinne [[Nehalennia]], dy't troch fiskers út [[Easterskelde]] opfiske binne.
 
Sûnt de [[midsieuwenmidsiuwen]] is de striid tsjin it wetter en rede tried troch de skiednis fan Seelân. Oanwinning en ferlies fan lân wiskelen elkoar ôf. Benei de heule provinsje (útsein de dunestreek) leit op of ûnder [[seenivo]]. It lânskip is in lapetekken fan polders en diken. De geografy fan Seelân is yn de rin fan de tiid bot feroare. De protte lytsere eilannen binne stadichoan oan elkoar fêstgroeid ta de gruttere (skier)eilannen fan no. Guon eardere gebieten stean no ûnder wetter (û.o. it ''Verdronken Land van Saeftinghe'' en it ''Verdronken Land van Zuid-Beveland'').
 
Yn de 16e en 17e ieuiuw hat Seelân, lykas Hollân, in grutte bloeiperioade meimakke. SieuskeSiuwske stêden sa as [[Middelburch]], [[Flissingen]], [[Sieriksee]] en [[Feere]], spilen doe - as ynternasjonale havenstêd - in rol fan belang yn de [[Lege Lannen]]. Middelburch wie oant de ein fan de [[16e ieuiuw]] de grutste keapstêd fan de Noardlike Nederlannen en oant en mei it tredde fearnpart fan de 17e ieuiuw, mei 27.000 oant 30.000 ynwenners, de - op fjouwer nei - grutste stêd (grutter as De Haach en Utert) fan it lân. Nei [[Amsterdam]] wie Middelburch, oant de ein fan de 17e ieuiuw ta, de grutste havenstêd fan de Republyk. Yn Middelburch wie de [[Admiraliteit]] fan Seelân festige. As [[VOC]]-stêd hie Middelburch (Keamer fan Seelân) heal safolle macht as Amsterdam; Middelburch wie lykwols like wichtich as de fjouwer oare VOC-stêden: [[Delft]], [[Inkhuzen]], [[Hoarn]] en [[Rotterdam]] by elkoar.
 
Yn de [[18e ieuiuw]] roan de wolfeart yn Seelân tebek. Yn 1795 hie Middeburch sa'n bytsje itselde ynwennertal as [[Haarlim]] en Grins en wie mei 20.146 sielen (nei de boppe neamde stêden en Amsterdam, Rotterdam, De Haach, Utert en Leien) noch de achtste stêd fan Nederlân. Zierikzee wie yn 1795 mei 6086 ynwenners de twadde stêd fan Seelân. De oare SieuskeSiuwske stêden fan belang wienen Flissingen, [[Goes]] en Feere mei, yn 1795, respektyflik: 5691, 3711 en 1860 ynwenners.
 
Mei de komst fan it [[spoar]] waarden [[Súd-Bevelân]] en Walcheren yn de [[19e ieuiuw]] troch damen mei it fêstelân fan [[Noard-Brabân]] ferbûn. Sûnt 1872 leit der in spoar tusken Flissingen, Middelburch, Goes, Bergen op Zoom en Roosendaal: de saneamde SieuskeSiuwske Line. SieuskSiuwsk-Flaanderen hat wol in goederenspoar en in tunnel ûnder de Westerskelde troch, mar fierders is dat part fan Seelân ôfsnien fan de rest fan Nederlân.
 
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] hat Seelân ferskate kearen fan strategysk belang west. Dêrom hawwe in oantal stêden en gebieten in protte te lijeen hân ûnder fjochterij, bombardeminten en [[inundaasje]]s. Benammen it oansjen fan it eilân Walcheren en de Middelburchske binnenstêd is dêrtroch bot feroare. Troch it fûle fjochtsjen yn West-SieuskSiuwsk-Flaanderen, oan de ein fan de oarloch, waarden in protte plakken, sa as [[Breskens]], [[Schoondijke]], [[Oostburg]] en [[Sluis (stêd)|Sluis]] benei folslein ferwoastge.
 
In benammen yn de jierren 50 polityk beladen ûnderwerp wie de kwestje fan de [[frije fearen]] oer de [[Westerskelde]]. Fral yn SieuskSiuwsk-Flaanderen joech dat de nedige argewaasje.
 
Yn de nacht fan 31 jannewaris op 1 febrewaris [[1953]] waard Seelân slim rekke troch in [[Wettersneed fan 1953|Wettersneed]]. Om soksoarte rampen yn de takomst foar te wêzen, waarden fan 1960 ôf de [[Deltawurken]] útfierd. It by-effekt dêrfan wie dat de ferbiningen mei it oarepart fan Nederlân in stik better waarden. Ek dêroer wie in soad te dwaan, meast oer de ôfsluting fan de [[Easterskelde]], dy't net trochgien is. Yn 1987 waarden de Deltawurken foltôge. De ekonomyske en sosjale struktuer fan de SieuskeSiuwske eilannen is troch komst fan de fêste ouwerferbiningen bot feroare. It eartiids isolearre gebiet is no yn it oere te berikken fanút de ferskate grutte stêden. It toerisme hat in hege flecht naam.
 
== Gemeenten ==