Andorra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
update
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 27:
It lân Andorra bestiet sûnt [[1278]]. Yn dat jier kaam der in ein oan in rige fan gewelddiedige konflikten tusken de [[biskop]] fan [[Seo de Urgel|Urgel]] en de greve fan [[Foiks]]. De beide tsjinstanners slute frede dy't besegele wurdt yn in dokumint dat bekend stiet ûnder de namme [[Pareages]]. De ôfspraken dy't doe makke binne, foarmje noch alltyd de basis fan it tsjintwurdige politike stelsel.
 
Fan it begjin ôf oan wurdt Andorra regearre troch twa steatshaden. Dat wienen ynearsten de biskop fan Urgel en de greve fan Foiks, mar troch erfopfolging gong de ko-funksje fan de greve oer op it Frânske keningshûs. Doe't yn de [[19e ieuiuw]] in ein kaam oan de Frânske [[monargy]], gong de funksje oer op de presidint fan Frankryk.
 
Tsjintwurdich is Andorra op it politike mêd sterk ferbûn mei de [[Jeropeeske Uny]], sûnder dat it der lid fan is. Sa makket it brûkme fan de [[euro]] as betelmiddel, mar slacht sels gjin eigen munten. Foar de ynfiering fan de euro wienen de [[Frânske frank]] en de Spaanske [[peseta]] beide wettich betelmiddel.