Donkerbroek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
L redke en [[]]
Rigel 13:
 
== Skiednis ==
Om Donkerbroek hinne binne in soad [[Prehistoarje|prehistoaryske]] fynsten dien, benammen út de [[brûnstiid]]. De âldst bekende fermelding is yn in oarkunde fan [[13 july]] [[1408]]. Hjiryn stiet in foarstel fan ‘dedingslude’ (bemiddelers) op in nij skeel tusken de biskop fan Utert en ûnder oare Stellingwerf. It gie (wer) oer de hier fan healannen by Iselham. Donkerbroek is ien fan de âldste delsettingen yn súdeast Fryslân. It is, boud op in pear hege sânrêgen. Yn [[1328]] is it ien fan de 12 [[Lânskip Drinte |Drintske kerspels[[kerspel]]s. Under de 31 yn de oarkunde neamde Stellingwerfse [[kerspel]]skerspels wurdt ek ''Dungebroek'' neamd. Twa dagen letter (15-7-1408) besegelen ûnder oaren de stellingen fan Stellingwerf it akkoard yn in oarkunde Dongbroec wurdt in skatting fan 80 âlde skylden oplein. <br>
Der binne ek histoarisy dy ’t op grûn fan twa oarkundes fan [[26 maaie]] [[1328]] miene dat Donkerbroek âlder is. Dizze stikken geane oer in fernijde regeling fan in troch de biskop fan Utert op Drinte en de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] te foarderjen jildsom. Op de oarspronklike foardering wurdt in bedrach fan goed 8 marken yn mindering brocht omdat 12 kerspels har ôfskiede hienen fan Drinte en har by de “Frisonibus de Stellingewarf” ('Friezen fan Stellingwerf') oansluten hienen. Mooglik leinen dy yn wat no Eaststellingwerf is, mar in namme wurdt net neamd.
 
Yn [[1408]] waard de namme ferskillend skreaun. De namme bestie út twa dielen, nammentlik ‘Dunge’ of ‘Dong’ en ‘broek’ of ‘broec’. Op kaarten komme ek nammen foar mei Dom-, Doom-, Dem-, en Dam-. It twadde diel wurdt skreaun mei: -brouck, -broeck, -broik, -brek en (sels) –brug. Yn de Benefisjaalboeken (1542/1543) stiet Stellingwerf-Oosteinde Dombroeck, en by de tsjerklike besittings Dunckerbroeck. Op de Schotanuskaart[[Schotanus]]kaart (1664) stiet Donckerbroeck en op de Schotanuskaart fan [[1685]] wurdt foar it earst Donkerbroek skreaun. Broec, brouc, broik of broek betsjut yn it Middelnederlânsk Hânwurdboek: moeras, poel, leech lân. Donc betsjut dêryn: heger lizzend wenstee yn in leechlân, it doarp lei dus op in hichte yn in ‘broec’gebiet.
Meidat Oud Kerkhof (oan de hjoeddeiske Balkwei) op kaarten fanôf de 17e iuw neamd wurdt soene it doarp en de tsjerke heger lein hawwe kind. Te tinken falt dan oan wat no’t Hoogezand hjit. De Stellingwerfske amateur-argeolooch [[H.J. Popping]] hat op it terrein fan it Ald tsjerkhôf in liemlaach en brokken readbakte stien fûn dat op it tsjerkje wize kin. By de [[ruilferkaveling]] fan 1955 gie it tsjerkhôf ferlern.<br>
Begjin [[16e iuw]] wurdt skreaun dat de tsjerke wijd wie oan Sint Laurentius en it alter oan Sinte Marije. Dan is der in ein komd oan twa iuwen “Vrije Natie der Stellingwerven”. It wurdt in [[gritenij]] fan Fryslân en yn [[1517]] splitst yn Stellingwerf-Westeinde en Stellingwerf-Oosteinde dêr’t ek Donkerbroek by heart. Op it begraafplak stiet ek ien fan de [[Klokkestuollen yn Fryslân]].
 
== Skâns Breeberch ==
Yn [[1561]] foel Donkerbroek ûnder it [[Bisdom Ljouwert]] en yn 1579 waard Lubbertus Alberti ynstallearre as pastoar. Yn [[1580]] al flecht hy foar de [[Reformaasje]]. Yn [[1593]] wurdt op lêst fan Us Heit, steedhâlder Prins [[Willem Loadewyk]], in [[skâns Breeberch]] oplutsen yn it bûtengebiet fan it doarp. De [[skâns]] is ûnderdiel fan in rige ferdigeningswurken yn it súdeasten fan Fryslân.
 
== Tsjerke ==
Rigel 30:
 
== 18e iuw ==
De belestingkohieren neame yn [[1749]] 322 ynwenners, ferdield oer 74 húshâldings. Ut de neamde beroppen is op te meitsjen dat it om in boeredoarp giet. Sa binne der 6 wevers, 4 skuonmakkers, in timmerman en (fansels) in [[dûmny]]. Wa’t gjin ynkommen hie wie feroardield op leadfiedigensleafdiedigens, fan ûnder oare de diakonij. De ûndersteuning koe ek yn''in natura '' jûn wurde, bygelyks bôle.
Yn de Frânse[[Frânske tiid]] ferniele [[patriotten]] it famyljewapen fan de Lyclama à Nijeholt boppe de yngong fan de tsjerke. Foar de tsjerke oer wurdt dûnse om de Frijheidsbeam en op de saneamde Peggebult (dêr’t no de kristlike skoalle mei dy namme stiet) wurde eksersysjeoefeningen hâlden.
 
Yn [[1790]] is it graven fan de [[Opsterlânske Kompanjonsfeart]] foarby Donkerbroek komd. Acht jier lang wurdt it doarp yn twaen dield, yn 1798 komt der pas in brêge. It doarp leit no oan it wetter, en kin dus ek mei it skip berikt wurde. Net allinnich turf mar ek foar oar ferfier. It Kasboek fan de Tsjerkefouden fan de NH Gemeente skriuwt dat al yn 1791 oan Geert Bates “agtien stuivers” betelle wurdt foar ferfier mei skip fan “een ton kalk”. Yn 1796 biedtbiedet Alle Jochems eenin veerscheepfearskip te koopkeap aanoan “varende van de Gorredijk op Lippenhuizen ……en Donkerbroek”. Keaper wurdt Thylemans Johannes van Gans. Oan de feart wurde húskes boud en (fier) bûiten de beboude kom ferrize buorskippen as [[Petersburch (buorskip)|Petersburg]] en [[Moskou (Eaststellingwerf)|Moskou]].
De befolking groeit hurd. Folkstellingen leare: yn [[1838]] 137 húshâldings, 670 ynwenners; yn [[1850]] 176 húshâldings, 842 ynwenners. De meast foarkommende beroppen binne dan nnoch altiten boer en arbeider. Fan turfwinning is hast gjin sprake en de yndustrialisaasje giet (ynearsten) oan Donkerbroek foarby. Der komme wol mear ambachtslju, lykas timmerlju, skuonmakkers, smidden, wevers, winkellju, grôtmakkers en weinmakkers. De Befolkingsregisters[[Befolkingsregister]]s 1840-1860 en 1860-1880 skriuwe dat der al meardere (praktisearjende?) dokters yn it doarp wennen.
 
== 19e iuw ==
De befolking is meast protestant. By de folkstelling fan [[1830]] jouwe 11 persoanen (fan de 670) oan dat se roomsk binne. Ds. [[Hendrik de Cock]] krijt lykwols nei [[1834]] ek yn Donkerbroek folgelingen. De notulen fan de tsjerkeriegearkomste fan [[11 maaie]] [[1838]] fermeldenfermelde de passaazje “Is ingekomen een brief van Foppe Hinkes Klooster, waarin de zelve verklaart zich af te scheiden van de gemeente en tevens afstand te doen van zijn ouderlingschap. Reactie kerkenraad: “aangenomen voor bekendmaking” en giet oer ta de oarder fan de dei. It oantal [[Ofskieding fan 1834|ôfskiedenen]] groeit lykwols hurd en yn 1850 wurdt de kristlik ôfskieden Gemeente fan Donkerbroek ynstituearre. It earste tsjerkegeboutsje stiet noch altiten, mar amperoan as sadanich te herkennen, op it adres Hearewei 98. It hjoeddeiske godshûs waard yn 1912 stichte.
 
Neist de begoedige boargerij wienen in soad dy’t lang en hurd wurkje moasten foar in bytsje jild en dy’t oanwiisd wienen op de diakonij om troch de tiid te kommen. Yn har kasboeken steane in soad minsken mei in útkearing en it beteljen oan earmen fan kosten foar medyske help en begraffenissen. Dat yn sokke tiden nei de drank grepen waard kin opmakke wurde út it grutte oantal taappunten en kafees yn it doarp. Sa koe op it stee fan it hjoeddeiske kafee De Vosseheer midden 19e iuw al in slokje opnomd wurde. Ein 18e iuw stie op wat no Geert Wolter Smitwei is 12 al in kafee mei de namme Het Posthuys. De postkoets die dêr oan, de hyns koene yn de trochreed op ferhaal komme en, sa leart it kasboek fan de Tsjerkefouden, de lokaliteit waard ek brûkt troch neamde pommeranten. Al yn 1797 wurde betellings oantroffen oan “van verteeringen in het Posthuys”, omdat de tsjerkefouden “een brief schrieven (moasten)”, of as der stimd wurde moast oer in te beroppen predikant. Blykber liende de herberch him dêr better ta as it tsjerkegebou.
 
== 20e iuw ==
Om [[1900]] is de befolking oangroeid nei boppe de 1300 en yn [[1938]] al nei 2103 ynwenners. Begjin dizze20e iuw krijt de út it bûtenlân oerwaaide koöperaasjegedachte hjir fêste foet oan de grûn, en ek hjir komme inisjativen fan de boeren. 1902: it koöperative Stoomsuvelfabryk (fuortsetting fan it fjouwer jier earder begûne spekulative molkfabrymolkfabryk); [[1904]]: in Koöperative Feriening ta Oankeap fan Lânbouärk en yn [[1911]] de koöperative Raiffeisenbank ‘Donkerbroek’. Alle trije binne al wer ferdwûn. Yn [[1911]] rydt de earste tram Donkerbroek binnen.
== Keninklike besite ==
Rigel 49:
 
== Oerbliuwsels ==
Lâns Donkerbroek rint de toeristyske rûte [[De Fryske Wâlden]]. Troch it doarp rint de [[Opsterlânske Kompanjonsfeart]] dy't diel útmakket fan de [[Turfrûte]]. Om Donkerbroek hinne leinen grutte bosken en heidefjilden. No is hjir allinnich, op rinôfstân fan it doarp, it lângoed Ontwijk fan oer. Hjir is op in beheind oerflak in stalekaart fan it eardere gea werom te finen yn de foarm fan bosk, leanen, heide en puoltsjes. Der binne ek oerbliuwsels fan in hurdfytsbaan en in iepenloftteater. Yn de bosk libje in tsiental reeën en in protte soarten boskfûgels. Yn de heidemarkes sitte brune- en griene kikkert en libellen as fjouwerflek, noardske wytsnút en grutte keizer.
== Mienskip ==
[[Ofbyld:Donkerbroek kerk.jpg|thumb|right|200px|''tsjerke fan Donkerbroek út 1714'']]
Donkerbroek hat in Feriening foar Doarpsbelang dat byinoar komt yn doarpshûs "Oan 'e Feart". DitIt doarpshûs bestiet sûnt 1990. Neidat Jeugdsoasjeugdsoas "De Trochsetters" opheft waard, is it gebou oan deede Fruitier de Talmawei ferboud ta doarpshûs. It hat ien grutte seal foar groepen oant 90 persoanen. Oer it doarp binne in trijetal DVD's makke. Foar de jierren 2005-2015 is in doarpsfyzjetakomstfyzje foar it doarp skreaun. Sa sil der bygelyks in mienskipssintrum, in passantehaven en wenningbou komme moatte. It doarp hat twa basisskoallen: 't Startblok en De Peggebult. Foar fuortset ûnderwiis binne de bewenners oanwiisd op [[Waskemar]] en [[Easterwâlde]]. Tsien kear jiers ferskynt de doarpskrante: Op'e Hichte. Troch in jierlikse Snertaksje en de advertearders is de krante gratis.
 
=== Befolking ===
Rigel 74:
* De Kleine Dobber - fiskjen
* [[De Nachtdravers]] - [[Aldjiersploech]]
* Omniferiening Donkerbroek - [[fuotbal]], [[gymnastyk]], [[kuorbal]] en [[follybal]]
** [[Fuotbalferiening Donkerbroek]]
* Spilersnocht - toaniel