Reinder van Kleffens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L plaatsje
L [[]]
Rigel 2:
 
== Libben en wurk ==
[[Ofbyld:Albuminscriptie van Reinder van Kleffens voor Hayo Tuinhout (1757-1811), jurist.jpg|thumb|225px|Albumynskripsje fan Reinder van Kleffens foar [[Hayo Tuinhout]] (1757-1811), jurist]]
Hy wie de soan fan Eelke Klases van Kleffens en Sjoerdje Ynses Faber. Hy ferlear syn heit doe't er 10 jier wie. De drokke saken fan syn heit, [[stienfabryk]], [[sâltsiederij]], izerhannel, waarden doe beheard troch syn sweager [[Johannes Fockema]]. Sadree't Reinder genôch middelber ûnderwiis folge hie, kaam hy yn dizze saken en soe dat oant hege âlderdom dwaan bliuwe. Hy waard al 11 desimber [[1780]] lid fan de froedskip fan syn bertestêd en waard net lang dêrnei troch de stêd Dokkum kommitteard yn de Fryske Steaten. Hy wie in waarm [[Patriotten|patriot]] en ien fan de ûndertekeners fan it manifest fan [[3 septimber]] [[1787]], wêrby't in minderheid fan de Steaten him ôfskiede. Der waard besluten om yn Frjentsjer te fergaderjen, mar doe't koart dêrnei it Pruisyske leger yn it lân ferskynde, flechten hy en syn meistanners, foar safier't se net finzen nommen waarden, nei it bûtenlân. Earst nei de Súdlike Nederlannen en doe nei [[Sint-Omaars]] yn Frankryk. Hy waard [[28 novimber]] [[1787]] mei [[Court Lambertus fan Beyma]], A.J.C. de Bere en A. van Boelens foar it [[Hof fan Fryslân]] yndage. Se waarden yn 1788 feroardield ta ferbanning en ynbeslachnimming fan harren guod.