Histoarjestik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat. oars
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 1:
[[Ofbyld:Self-sacrifice of mayor van der Werff painting by Wappers (1829).jpg|thumb|275px|'''Gustaaf Wappers''' Antwerpen [[1803]] - Parys [[1874]], ''De selsopoffering fan boargemaster Van der Werff'', 1829, Sintraal Museum, Utert]]
[[Ofbyld:Wappers belgian revolution.jpg|thumb|275px|Gustaaf Wappers, ''De Belgyske Revolúsje fan 1830'']]
In '''histoarjestik''' is in [[skilderij]] dat in ôfbylding jout fan in [[Bibel|bibelsk]], [[mytology|mytologysk]], [[skiednis|histoarysk]], [[Allegory (byldzjende)|allegoarysk]] of [[literatuer|literêr]] tafreel. Meast giet it om in wurk fan betreklik grutte ôfmjittings, dêr't meardere figueren op ôbylde binne. De term is net fan tapassing op de bibelske skilderijen út de [[MidsieuwenMidsiuwen]]. Yn de [[Renêssânse]] kaam it ôfbyldzjen fan tafrelen út de [[Aldheid]] yn de moade. Doe gou it histoarjestik as it heechst berikbere yn de [[skilderkeunst]]. Dat bleau sa oant de ein fan de [[19e ieuiuw]].
 
== Histoarjeskilderkeunst yn Nederlân ==
Yn de [[Gouden IeuIuw]] koe de histoarjeskilderkeunst yn de Republyk fan de Nederlannen trochtocht nimme. De foarnaamste fertsjintwurdiger wie [[Rembrandt van Rijn|Rembrandt]], dy't foaral in protte bibelske tafrelen skildere.
 
In soad wichtige Nederlânske skilders binne ynspirearre en beynfloede, alteast yn de begjinjierren, troch [[Itaalje|Italjaanske]] foarbylden. Kopyën fan Italjaanske masterstikken giene rûn yn de Republyk. Dêrfan waarden beskate kompositoaryske skema's fan ôf sjoen. Ek de behanneling fan ljocht en tsjuster ''([[chiaroscuro]])'', wie foar in part werom te fieren op Italjaanske foargongers, foaral op [[Caravaggio]]. De Hollanners soene der sels absolute masters yn wurde. Der waard sels nei Itaalje gien om de orizjinele foarbylden te besjen. De [[Utertske caravaggisten]] sa as [[Hendrick ter Brugghen]], [[Dirck van Baburen]] en [[Gerard van Honthorst]], foarmen út soarte in skeakel tusken Itaalje en Nederlân.
 
== Histoarjeskilderkeunst yn Belgje ==
Yn Flaanderen wie yn de 17e ieuiuw [[Peter Paul Rubens|Rubens]] de wichtichste fertsjintwurdiger yn dat sjenre. Hy skildere ûnder oaren in protte mytologyske ûnderwerpen.
 
Nei de [[Belgyske opstân]] yn [[1830]] hie de jonge naasje in grut ferlet fan in eigen identiteit. De skilderkeunst levere dêrta in bydrage troch ferskillende tiidrekken út de Belgyske skiednis te ferbyldzjen en by it grutte publyk te bringen. De bewenners fan [[Galje|Noard-Galje]], troch [[Julius Caesar]] Belgen neamd, en mannen as [[Godfried van Bouillon]] waarden populêre ûnderwerpen foar Belgyske skilders. De bekendste fertolker fan dizze histoarjeskilderkeunst yn de [[romantyk]] wie [[Gustaaf Wappers]], mar ek [[Louis Gallait]], [[Nicaise de Keyser]], Henri of [[Hendrik Leys]] en [[Antoine Wiertz]] hawwe wichtige bydragen levere.