Iesumasyl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Iezumasyl.jpg|thumb|right|300px|De slús fan Iesumasyl]]
'''Iesumasyl''' is in buorskip yn de gemeente [[Dongeradiel]] en leit yn de himrik fan [[Eanjum]]. Besúdwesten de buorskip stiet de om 1850 boude poldermole [[De Goes]].
 
== Untstean ==
By Iesumasyl komt de [[Suderie]], in âlde seeslink, út yn de eardere [[Lauwerssee]]. Al yn [[11e ieu]] moat dêr in [[slûs]] west hawwe, mar folle is dêr net oer bekend. Om [[1670]] hinne waard de [[syl]] by [[Eastrum]] ôfsletten. Dat besjutte dat [[East-Dongeradiel]] in nij plak sykje moast foar de ôfwettering. De kar foel op Iezumasyl. De Steaten besleaten om dêr in nije slûs te bouwen.
 
[[Ofbyld:Iezumasyl.jpg|thumb|right|300px|De slús fan Iesumasyl]]
De dyk waard ek ferlein sa dat der nij lân kaam. Yn [[1671]] waard mei it wurk út ein setten. It tafersjoch kaam yn hannen fan [[Michael Onuphrius thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg|Michaël Baron fan Schwartzenberg en Hohelandsberg]], grytman fan [[Dantumadiel]], en [[Philip Vegelin fan Claarbergen]], grytman fan [[Haskerlân]].
Der waard ek in goede ôfspraak makke oer de kosten. It gie oars faak sa dat men de lêsten foar de ôffier fan it wetter eins net betelje woe, want dat waard beskôge as in saak foar dejingen dy't ticht by de slûs wennen.
 
== Feroarings oan de syl ==
[[Ofbyld:DeDongeradielen.jpg|thumb|right|225px|It gemaal ''De Dongeradielen'']]
Yn [[1745]] is de slûs fernijd en op 'e nij yn [[1931]] om't der doe in nij elektrysk gemaal delsetten waard. It gemaal [[De Dongeradielen (gemaal)|De Dongeradielen]] moast der foar soargje dat de Dongeradielsters droege fuotten holden. De arsjitekt Booijenga hat der in kreas bouwurk fan makke.