Boere-arbeider: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
oanf. fan in net al te ensyklopedysk stikje
Rigel 3:
Swier wurk wie it mjuksjen, de stront yn 'e dong[[kroade]] skeppe en op 'e rûchskerne bringe. De mjuksplanke wie winters wol ris wat glêd, dan wie it in hiele toer om it teplak te krijen.
 
Maitiids[[Maitiid]]s kaam it lânwurk. Noch wat letter waard it [[gers]] meand, want it moast [[hea]] wurde. De ûngetiid stie dan foar de doar. De einen waarden earst mei de [[seine (ark)|seine]] foarmeand en it oare wie foar de meanmasine, lutsen troch in hynder. It gers moast yn 'e sinne droegje, dan waard it hea en dat wie winterdei it fretten foar de kij.
 
Guon arbeiders ieten dan op 'e [[pleats]], it wie sa drok en it naam tefolle tiid as se nei hûs moasten. De arbeiders makken dan lange dagen.
Rigel 10:
Hjerstmis kaam it kâlde waar oan, de sleatten moasten heakkele wurde. Moarns moasten hja faak by 't tsjuster de kij ophelje en yn 'e [[jister]] bringe om se te melken. Siet men ien kear op 'e tuolle tsjin de waarme ko oan, dan waard men wer wat waarm.
 
It barde wol dat in arbeider 35 jier op 'e selde pleats wurke, earst by de âlde boer, letter by de soan. Faaks hierde de boere-arbeider in hûs fan de boer. Dat goun faaks elts jier yn op de âlde[[Alde maaieMaaie]] (12 maaie).
 
Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] ferdwûn it berop fan boere-arbeider stadichoan. Dat wie om reden fan it opgong meitsjen fan de lânboumeganisaasje en it tagelyk beskikber komen fan better betelle banen yn de yndustry. It wurk fan it [[hynder]] waard oernaam troch de [[Trekker (lânbou)|trekker]] en dat fan de arbeiders troch it [[leanbedriuw]].
 
[[Kategory:Lânbou]]