Steven H.P. de Jong: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Rigel 1:
'''Steven Hotse Pieter de Jong''', ( [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[12 febrewaris]] [[1935]] ) is in [[Frysk]] [[skriuwer]] en [[dichter]]. Steven de Jong wenne in skoft yn [[Gytsjerk]] en ferfear yn 2008 nei [[Burgum]].
 
== Libben ==
Steven Hotse Pieter de Jong waard berne yn Ljouwert. Nei syn ûnderwizersoplieding oan de kristlike kweekskoalle [[Mariënburch]] yn Ljouwert stie er in jiermannich yn [[Surhuzum]] oan skoalle. Steven de Jong hat him it Frysk eigen makke op de kweekskoalle, want thús waard nammentlik [[Nederlânsk]] en [[Ljouwertersk]] praat. Hy fûn it Frysk in moaie taal en woe him dat oanleare, hy hat sels noch les hân fan [[Eeltsje Boates Folkertsma]].

Yn [[1964]] begûn De Jong mei syn stúdzje Nederlânsk yn [[Grins (stêd)|Grins]], dêrnei hat er skoft lang ferbûn west mei Kristlike Skoallemienskip it Lienward kolleezje yn Ljouwert. As dichter debutearre De Jong yn it eksperimintele tiidskrift [[Quatrebras (tydskrift)|Quatrebras]], dêr't er letter redekteur fan wurde soe.

Ein sechstiger jierren, doe't de jongere skriuwers reboelje makken mei de âldere skriuwers, hat er warber west foar ûnderskate Fryske tiidskriften. Earst as lid fan de redaksje dy't it lêste nûmer fan [[De Tsjerne (tydskrift)|De Tsjerne]] makke yn 1968 en dêrnei as redakteur fan it nije tiidskrift [[Trotwaer]]. Dêr siet er yn de redaksje fan 1968 oant 1970. Syn bydrage oan de [[Fryske literatuer]] bestie earst fral út poëzij, dêrneist hat er ek in stikmannich kritiken skreaun foar Quatrebras.

Tusken 1965 en 1988 ferskynden der fiif fersebondels fan syn hân, yn 1980 wie ''De maagd fan Babylon'' al útkommen dêr't neist fersen ek ferhalen yn te finen binne. Steven de Jong publisearre syn earste roman yn 1989, ''De Wuttelhaven del''. Foar dy roman is oan De Jong yn 1992 de [[Gysbert Japicxpriis]] takend. De roman ''Groetenis fan Prakash'' ferskynde as Frysk Boekewikegeskink fan 2005. In jier letter ferskynde it boekje ''Neam my mar Willem'' dat in bewurking is op it wrâldferneamde diere-epos ''Van den vos Reynaerde''. It ferhaal wurdt ferteld troch in mearkeferteller oan de bewenners fan it Fryske doarp Gatzerka (Geatsjerk, tsjintwurdich [[Gytsjerk]]), dy't dêr typysk Frysk op reagearje. Yn 2011 waard de mânske bondel ''En de inket sil útrinne'' publisearre dêr't neist earder publisearre wurk út syn seis dichtbondels, allyksa poëzij opnommen is dy't net earder ferskynd is.
 
== Wurk ==
;Romans:
* 1989 : ''De Wuttelhaven del''
* 1999 : ''In spylman op it binnenpaad''
* 2001 : ''Swarte egen : in ferhaal út [[Earnewâld]] om 1730 hinne''
* 2005 : ''Groetenis fan Prakash : in reis troch [[Brazylje]] yn it jier 1992
* 2006 : ''Neam my mar Willem''
 
;Ferhalebondel:
* 1980 : ''De maagd fan Babylon'' (mei fersen)
 
;Dichtwurk:
* 1965 :'' Wankend stomp''
* 1971 : ''Missing link''
* 1975 : ''Popkes tekenje'' (omslach en oare yllustraasjes fan [[Hans van der Horst]])
* 1983 : ''20 lytse românsen''
* 1988 : ''Salto mortale''
* 1995 : ''Gedichten om’e Aldehou''
* 2011 : ''En de inket sil útrinne - 50 jier poëzij''
 
;Oersetting:
* 1998 : Jan Pitersoan Koen : toanielstik yn alve tafrielen (út it Hollânsk nei [[J. J. Slauerhoff]])
 
== Prizen ==
* 1992 : [[Gysbert Japicxpriis]] foar de roman ''De Wuttelhaven del''
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Line 39 ⟶ 45:
 
{{DEFAULTSORT:Jong, Steven de}}
[[Kategory:Frysk skriuwerûnderwizer]]
[[Kategory:Frysk sjoernalist]]
[[Kategory:Skriuwer yn it Frysk]]
[[Kategory:Frysk romanskriuwer]]
[[Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer]]
[[Kategory:Frysk dichter]]
[[Kategory:Frysk oersetter]]
[[Kategory:Oersetter nei it Frysk]]
[[Kategory:Persoan berne yn Ljouwert]]