Berjocht:Side fan de wike 2015/wike 9: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wer ien
 
Muijz (oerlis | bydragen)
keppeling
 
Rigel 2:
'''''The General's Daughter''''' is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[detektiveferhaal|detektive]][[film]] út [[1999]] ûnder [[rezjy]] fan [[Simon West]], en mei yn 'e haadrollen [[John Travolta]] en [[Madeleine Stowe]]. It ferhaal giet oer de riedselige dea fan in froulike legerkaptein, de dochter fan in foaroansteand generaal dy't op it punt stiet om ôf te swaaien en in [[polityk|politike]] karriêre te begjinnen, mooglik troch him kandidaat te stellen foar it Amerikaanske fise-presidintskip. De film, in produksje fan 'e Amerikaanske filmstudio ''[[Paramount Pictures]]'', is basearre op 'e [[roman]] ''The General's Daughter'' fan [[skriuwer]] [[Nelson DeMille]], út [[1992]]. Hoewol't de film yn 'e Feriene Steaten oer it algemien negative kritiken krige, mooglik om't it gefoelige tema fan [[ferkrêfting yn it leger]] deryn oansnien waard, makke ''Paramount'' der mear as $50 miljoen winst mei.
 
:''[[FryskeThe AkademyGeneral's Daughter (film)|Lês fierder]]''