Jacobus Johannes Westendorp Boerma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 6:
Ek nei syn stúdzjetiid hâlde er yntresse foar de figuer Van den Bosch. Troch kontakten mei dy famylje krige er Van den Bosch syn korrespondinsje ta foldwaan. Westendorp Boerma publisearre op grûn dêrfan de briefwikseling tusken Johannes van den Bosch en [[Jean Chrétien Baud (1789-1859)|Jean Chrétien Baud]], út de perioade dat sy efterelkoar [[List fan gûverneurs-generaal fan Nederlânsk-Ynje|gûverneur-generaal fan Nederlânsk-Ynje]] wiene.
 
Ein 1927 boaske Westendorp Boerma yn [[Frankfurt am Main|Frankfort]] mei de maatskaplik wurkster Gertrud Schlosser. Koart skoft earder wie er yn Zierikzee learaar oan de [[HBS|Ryks HBS]] wurden. Hy publisearre oer de skiednis fan dat plak en wie belutsen by it realisearjen fan it gemeentlik histoarysk museum en krewearre foar it behâld fan monuminten yn Zierikzee. Dêrnjonken skreau er 1933-35 in ''Leerboek der geschiedenis'' (twa dieledielen) dat oant yn de jierren sechtich op in soad [[fuortset ûnderwiis|middelbere skoallen]] brûkt waard. Yn 1938 waard er direkteur fan de HBS en yn 1946 [[rektor (skoalle)|rektor]] fan it wilens foarme [[lyseüm]]. Hy gong yn 1967 mei pinsjoen en wie doe op'en nij dwaande mei ûndersyk nei Johannes van den Bosch en neisieten, doe't er septimber 1970 mei 68 jier ferstoar.
 
Westendorp Boerma krige 1952 drager de sulveren earepeinje fan de stêd Zierikzee en wie sûnt 1957 [[Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau|Ofsier]] yn de [[Oarder fan Oranje-Nassau]].