G.G. Kloeke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: '''Gesinus Gerhardus (G.G.) Kloeke''' (Schagen, 10 july 1887 - Leien, 5 novimber 1963) wie in taalûndersiker dy't bekend waard troch syn wurk ''De Hollandsche...
 
Rigel 4:
Kloeke syn heit, [[Willem Kloeke]], wie fan [[Swol]] en waard troch syn soan oantrune om syn herinneringen oan dy stêd op te skriuwen. Dat late ta de ''Zwolsche sketsies'' (1931).
 
Kloeke hat ferskate jierrebjierren yn [[Dútslân]] studearre en wurke. Hy promovearre yn [[Leipzig]] (1914) en oan de [[Universiteit fan Amsterdam]] (1922) op ien en it selde proefskrift, ''Der Vokalismus der Mundart von Finkenwärder bei Hamburg''. Yn de tiid dat Kloeke learaar [[Dútsk]] yn [[Wynskoat]] wie, samle er feiten oer dialekten yn de omkriten en krige er grutte niget oan de eastlike dialekten.
 
Yn 1925 waard Kloeke lektor en letter heechlearaar [[Nederlânsk]] yn [[Hamburg]]. Yn [[1926]] boaske er oan de neerlandika M.J. van Lessen. Yn [[1934]] waard er heechlearaar Nederlânsk oan de [[Universiteit Leien]].