Gerrit Breteler: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Gerrit Breteler Anne-Goaitske 2 jr..jpg|thumb|150px|right|''Anne Goaitske'']]
[[Ofbyld:Gerrit Breteler Nynke Laverman.jpg|thumb|150px|''[[Nynke Laverman]]'']]
'''Gerrit Breteler''' ([[Ynskedee]], [[1954]]), is in [[keunstskilder]], tekstdichter, toanielskriuwer en sjonger.
 
==Libben==
Breteler is de soan fan in Fryske mem en in Hollânske heit en groeide op yn [[Ynskedee]]. It ferfarren fan de húshâlding yn [[1967]] nei [[Hurdegaryp]] fielde as in befrijing foar Gerrit. Yn Ynskedee fielde er him nea thús, de earste moannen hie er it gefoel oft er fakânsje hie. Hy studearre yn [[1975]] ôf oan de [[Vredeman de Vries (keunstakademy)|Vredeman de Vries-Keunstakademy]]. Dêr lei er him ta op de techniken fan de masters út de Goudene ieu, dêr’t er troch fassinearre wie. Yn de jierren santich en tachtich is der binnen de keunstoplieding net in soad wurdearring foar it tradysjonele ambacht. Gerrit moat dan ek nei museums om kennis te garjen. Syn skilderijen wolle pikturale lekkernijen wêze. It giet him net om in realistyske werjefte, mar om sýn werjefte fan de realiteit. Breteler neamt him nei lang tinken úteinlik in romantysk realist. Fan de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]] krige er doe de [[Drompelpriis]] foar bêste studint. Foar syn bestean wurke er doe in tal dagen wyks as kreatyf terapeut oan it psychiatrysk sikehûs. Yn dy jierren helle er ek it foech om les te jaan.
Breteler wennet mei [[Anke Bijlsma]] en syn twa bern op in grutte kop-hals-romppleats tusken [[Nes (Dongeradiel)|Nes]] en [[Easternijtsjerk]]. Syn passy's binne muzyk, skilderjen en skriuwen. Hy treedt regelmjittich op mei lieten en foardrachten. Dat er syn stikken op rym makket docht er foar de kadâns. De lêste tiid hâldt er him lykwols hieltyd mear dwaande mei tekst. Hy wurket ien moantiid wyks oan it Sintrum foar Keunstsinnige Foarming Meldij/Karwei yn [[Drachten]].
 
== Skilderjen ==
[[Ofbyld:Gerrit Breteler Dame neaken.jpg|thumb|150px|right|''Dame neaken'']]
Breteler skildert yn de tradysje fan de [[17e ieuiuw]]ske Hollânske masters, hy hat net folle mei abstrakte keunst. Hy hat ûnder oaren portretten fan [[Gerard Reve]], [[Gunnar Daan]] en [[Roel Oostra]] skildere, mar ek in soad hynders. Yn [[1994]] hie er in eksposysje yn [[Drachten]]: ''Sân Stikken foar de Hear'' dêr't syn grifformeard komôf út nei foaren komt. Yn 2006 hat er in eksposysje yn museum ''[[It Admiraliteitshûs]]'' yn Dokkum. Breteler eksposearre as byldzjend keunstner ek yn [[Dútslân]], [[Frankryk]] en [[Ingelân]].
 
== Muzyk ==