Kataren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tf
L + 130610-Queribus-03.jpg
Rigel 31:
 
De twadde krústocht begûn yn [[1226]] ûnder de lieding fan de Frânske kening [[Loadewyk VIII]]. Mar hy ferstoar ûnderweis nei Súd-Frankryk. De tredde en lêste krústocht yn it jier [[1244]] ferneatige de lêste grutte bolwurken fan de Kataren. De kastielen fan [[Montségur]] en [[Quéribus]] wurden finaal ôfbrutsen. De Kataarske gemeente fan [[Montallou]] en omjouwing wurdt yn [[1320]] troch de [[ynkwisysje]] fermoarde. De lêste Kataar is yn [[1321]] ferband, hy wie [[Guillame Bélibaste]].
[[Ofbyld:France130610-Chateau de Queribus-Vue d'ensemble-2005-08-0503.jpg|thumb|right|200px|It Kataarske kastiel Queribus]]
== Organisaasje ==
De hierargyske organisaasje lit de ûntwikkeling sjen fan de Kataarske beweging. Uteinlik hawwe sy ek keazen foar in typyske tsjerklike struktuer. De Kataarske tsjerke hie in lyts liederskip. Der wie in [[biskop]] en syn plakferfanger, en in brede basis fan leauwers. De Kataarske biskop hie minder foech en funksjes as in biskop yn de Katolike tsjerke. De biskop naam it earste plak yn by alle rituelen. Fierders die in biskop neat, hy wie gewoan haad fan de gemeente.