Ipen (skaai): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 2:
[[Ofbyld:Ulmus glabra.jpg|right|thumb|''Rûge yp'', blêd en sied]]
[[Ofbyld:'Herbie', Yarmouth, Maine.jpg|thumb|'''Herbie', de grutste en âldste yp fan Maine, Feriene Steaten (2008'')]]
'''Ipebeam''', '''Iperenbeam''' of '''Yp''' (''Ulmus'') (Nederlânsk: 'Iep' of 'olm') is in [[skaai (biologytaksonomy)|skaai]] fan [[leafbeam]]men. De blêden binne fearnervich en hawwe in skerptakkige blêdrâne. Se lykje wol wat op de blêden fan de [[haachbûk]] (''Carpinus betulus''), mar hawwe in mear skeve, ûngelikense blêdfoet. De blommen ferskine earder as de blêden. It blomtek is lyts, grien en oan de slippen binne se mei inoar fergroeid. Dêrboppe steane de moalstêfkes mei pearse helmhokken en de stamper. De sieden binne ôfplatte en hawwe in brede wjuk as râne rûnom.
 
Ipen groeie it leafst op frijwat fiedselrike, focht fêsthâldende, kalkige grûn.