Anne Hathaway (Shakespeare): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Rigel 1:
{{Persoan algemien
[[File:Anne Hathaways Cottage and gardens 15g2006.jpg|right|thumb|350px|It ''[[cottage]]'' tichteby [[Stratford-upon-Avon]], dêr't Anne Hathaway har famylje wenne.]]
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| echte namme = Anne Hathaway
| oare namme(n) =
| nasjonaliteit = [[File:Flag of England.svg|20px]] [[Ingelân|Ingelsk]]
| berne = [[1555]] of [[1556]]
| berteplak = [[Shottery]] ([[Ingelân]])
| stoarn = [[6 augustus]] [[1623]]
| stjerplak = [[Stratford-upon-Avon]] ([[Ingelân]])
| etnisiteit = [[File:Flag of England.svg|20px]] [[Ingelsen|Ingelsk]]
| berop/amt = húsfrou
| aktyf as =
| jierren aktyf =
| reden bekendheid = troud mei de [[toaniel]]skriuwer <br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[William Shakespeare]]
| bekendste wurk(en) =
| prizen =
| webside =
}}
'''Anne Hathaway''' ([[Shottery]], [[1555]]/[[1556]] – [[Stratford-upon-Avon]], [[6 augustus]] [[1623]]) wie de frou fan 'e wiidferneamde [[Ingelân|Ingelske]] [[toanielskriuwer]] en [[dichter]] [[William Shakespeare]], mei wa't se troude yn [[1582]]. Se oerlibbe har man sân jier. Der is suver neat mei wissichheid oer har bekend útsein yn 'e foarm fan ferwizings yn notariële dokuminten, mar har persoanlikheid en har relaasje mei Shakespeare hawwe ûnderwerp west fan in ûnbidich protte spekulaasje, sawol troch [[histoarikus|histoarisy]] as troch [[skriuwer|fiksjeskriuwers]].
 
Line 9 ⟶ 28:
===Houlik===
Doe't Hathaway yn novimber [[1582]] mei William Shakespeare troude, hie se al wetter yn 'e kelder, en harren dochter [[Susanna Shakespeare|Susanna]] waard seis moanne letter berne. Op 'e tiid fan it houlik wie Hathaway 26 of 27 jier; Shakespeare wie noch mar achttjin. It feit dat se safolle skeelden, yn kombinaasje mei it feit dat it Hathaway doe efter de jûpe al begûn te tinen, is troch party histoarisy brûkt, op grûn fan gjin inkeld bewiis, om te bewearen dat it houlik Shakespeare optwongen wie troch Hathaway har famylje. In skoftke waard tocht dat Shakespeare mei twa froulju omslein hie, poer om't der yn it biskoplik register fan [[Worcester]] de ferliening fan in houliksfergunning fermeld stiet oan "Wm Shaxpere" en in "Annam Whateley". De deis dêrop tekenden Fulk Sandells en John Richardson, freonen fan 'e Hathaway-famylje, in boarch fan £ 40,— foar de kosten fan it houlik tusken Shakespeare en Anne Hathaway. Yn ''The Man Shakespeare'', út [[1906]], bewearde [[Frank Harris]] dat dit bewiisde dat Shakespeare eins mei in Anne Whateley trouwe wollen hie, mar dat doe daliks de Hathaway-famylje him twongen hie en trou mei Anne Hathaway. Harris miende dat Shakepeare syn frou net sjen of luchtsje mocht om't se him wjerholden hie fan syn houlik mei syn wiere leafde, en dat dat de reden wie dat er nei [[Londen]] ta sette om in karriêre as [[toanielskriuwer]] te begjinnen. Tsjintwurdich bestiet der yn akademyske fermiddens lykwols sa goed as in konsensus dat "Annam Whateley" frijwol wis in ferskriuwing west hawwe moat, en dat der dus nea in twadde frou bestie.
[[File:Anne Hathaways Cottage and gardens 15g2006.jpg|rightleft|thumb|350px|It ''[[cottage]]'' tichteby [[Stratford-upon-Avon]], dêr't Anne Hathaway har famylje wenne.]]
 
De [[Grut-Brittanje|Britske]] [[feminisme|feministe]] [[Germaine Greer]] wol hawwe dat it ferskil yn jierren der krekt op tsjut dat Shakespeare Hathaway hawwe woe. Yn dy tiid bleaune jonge ûntroude froulju fan wa't de âldelju kommen wiene te ferstjerren, oer it algemien thús om foar jongere bruorren en susters te soargjen. As se dan letter al trouden, wiene se meastentiids al hast tritich jier. As man bea Shakespeare doedestiden net sa'n soad goede foarútsichten, mei't syn famylje finansjeel yn swierwaar kommen wie. Hathaway, in telch út in begoedige en foaroansteande famylje, wie foar Shakespeare in bysûnder goede partij. Fierders wie it yn dy tiid net ûngewoan dat in tsjerklik houlik pas folge nei't men [[oer de putheak trouwe|oer de putheak troud]] wie en de frou swier rekke wie. Doe't er Hathaway ienris heech en dreech hie, wie Shakespeare fansels oan har bûn, mar, sa beweart Greer, der bestiet gjin inkeld bewiis dat er net altyd al fan doel west hie om in bern by har oan te setten en foar de tsjerke mei har te trouwen.