Elektra (toanielstik fan Sofoklês): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Rigel 1:
{{Literatuer
[[File:Electra and Orestes - Project Gutenberg eText 14994.png|thumb|right|350px|''Elektra en Orestes'', troch [[Afred Church]].]]
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Elektra''
| oarspr. titel = Ἠλέκτρα
| auteur = [[Sofoklês]]
| taal = [[Aldgryksk]]
| foarm = [[toanielstik]]
| sjenre = [[trageedzje]]
| skreaun = 413 f.Kr.
| 1e publikaasje =
| 1e opfiering = 413 f.Kr., [[Atene]]
| oarspr. útjouwer =
| rige =
| foarich diel =
| folgjend diel =
| bondel =
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''Elektra''
| publikaasje = [[1991]], [[Aldemardum]]
| útjouwer = eigen behear
| oersetter = [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. = gjint
}}
'''''Elektra''''', yn it oarspronklike [[Aldgryksk]] '''Ἠλέκτρα''', '''''Ēlektra''''', is in [[toanielstik]] fan 'e hân fan 'e grutte [[Grikelân|Grykske]] [[toanielskriuwer]] en [[dichter]] [[Sofoklês]] (496-406 f.Kr.). It is in [[trageedzje]] dy't net betize wurde moat mei in toanielstik mei deselde namme (''[[Elektra (Euripides)|Elektra]]'') fan in oare Grykske toanielskriuwer, [[Euripides]]. Yn syn ''Elektra'' grypt Sofoklês werom op 'e âlde fertellings fan [[Homêros]] yn dy syn ''[[Ilias]]'' en ''[[Odyssee]]''. It stik spilet in pear jier nei de ein fan 'e [[Trojaanske Oarloch]] en beskriuwt de wraak dy't [[Elektra (dochter fan Agamemnon)|Elektra]] en har broer [[Orestes (Grykske mytology)|Orestês]] nimme op harren mem [[Klytemnêstra]] en styfheit [[Aigisthos]] foar de moard op harren heit [[Agamemnon]]. Sofoklês skreau dit toanielstik wierskynlik yn it jier 413 f.Kr., en doe sil it ek opfierd wêze as ûnderdiel fan 'e toanielwedstryd op it [[Atene|Ateenske]] [[Feest fan Dionysus]], al is dat net alhiel dúdlik. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] ferskynde yn [[1991]].
 
Line 11 ⟶ 37:
 
Underwilens beklaget Elektra yn it paleis it lot fan har heit Agamemnon. Se redendielt op bittere toan mei har suster Chrysothemis oer dy har fermoedsoening mei har heite moardners, en dêrnei mei har mem Klytemnêstra oer har heite moard. Har iennichste hope is dat har broer Orestês op in dei weromkeare sil om rjochtdei oer de skuldigen te hâlden, dat har heit wrutsen wurde sil. As in boadskipper (de learaar) arrivearret mei it nijs dat har broer dea is, rekket se alhiel telider slein. Klytemnêstra, lykwols, fielt inkeld ferromming. Dan komt Chrysothemis wer op, dy't opmurken hat dat der grêfjeften efterlitten binne by it grêf fan Agamemnon, en dêrút opmakket dat Orestês noch libbet en werom yn Mysene is. Elektra, dy't no oertsjûge is fan Orestês syn dea, wegeret nei har te harkjen. Ynstee dêrfan stelt se út om harren styfheit Aigisthos dea te dwaan, mar Chrysothemis stegeret har ôf en tsjut de ûnútfierberens fan dat plan oan.
[[File:Electra and Orestes - Project Gutenberg eText 14994.png|thumb|rightleft|350px|''Elektra en Orestes'', troch [[Afred Church]].]]
 
Dan komme einlings Orestês en Pûladês oan, mei by harren de urne dêr't sabeare de jiske fan Orestês yn sit. Orestês ken Elektra net wer, noch sy him. Hy langet har de urne oer, en pas nei't se in klaachsang útsprekt, beseft er wa't se wêze moat. Dan fertelt er har wa't er sels is. Hja is alhiel oerémis dat er noch libbet, en yn harren opwining ferriede se Orestês syn wiere identiteit hast oan 'e oaren; mar de learaar rêdt de sitewaasje. Dan geane Orestês en Pûladês it paleis yn en deadzje Klytemnêstra. As Aigisthos thúskomt, slane se gau-gau in lekken oer har lyk hinne en beare, it is it lichem fan Orestês. Mar Aigisthos tilt it lekken op en ûntdekt dan wa't it wurklik is. Dêrop fertelt Orestês him wa't er is, en hy en Pûladês oermasterje Aigisthos. Se bringe him nei de iepen hurd ta om him dêr dea te dwaan, op krekt itselde plak dêr't Agamemnon ek fermoarde is. Sa einiget it toanielstik, foar't de eigentlike dea fan Aigisthos plakfynt.
Line 26 ⟶ 53:
* Kroes, Jan, , ''Trije Trageedzjes fan Sofoklês Ferfryske'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 13 sept. 1991.
* Sofoklês, ''Elektra'' (oers. Klaas Bruinsma), sûnder jier (eigen behear), gjin ISBN, Tresoar oanfraachnû. 091.246.
Foar fierdere sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Electra_(Sophocles) ''Commentaries'', op dizze side].
}}