Elektra (toanielstik fan Sofoklês)

(Sofoklês)

Elektra, yn it oarspronklike Aldgryksk Ἠλέκτρα, Ēlektra, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Sofoklês (496-406 f.Kr.). It is in trageedzje dy't net betize wurde moat mei in toanielstik mei deselde namme (Elektra) fan in oare Grykske toanielskriuwer, Euripides. Yn syn Elektra grypt Sofoklês werom op 'e âlde fertellings fan Homêros yn dy syn Ilias en Odyssee. It stik spilet in pear jier nei de ein fan 'e Trojaanske Oarloch en beskriuwt de wraak dy't Elektra en har broer Orestês nimme op harren mem Klytemnêstra en styfheit Aigisthos foar de moard op harren heit Agamemnon. Sofoklês skreau dit toanielstik wierskynlik yn it jier 413 f.Kr., en doe sil it ek opfierd wêze as ûnderdiel fan 'e toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus, al is dat net alhiel dúdlik. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma ferskynde yn 1991.

Elektra
algemiene gegevens
oarspr. titel Ἠλέκτρα
auteur Sofoklês
taal Aldgryksk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 413 f.Kr.
1e opfiering 413 f.Kr., Atene
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Elektra
publikaasje 1991, Aldemardum
útjouwer eigen behear
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. gjint

Wat foarôf gie

bewurkje seksje

As Agamemnon, de kening fan Mysene en de lieder fan 'e Griken, weromkeard fan syn oerwinning yn 'e Trojaanske Oarloch, bringt er de Trojaanske prinsesse Kassandra mei, dy't er as konkubine nommen hat. Mar hy hat njoggen jier fan hûs west, en syn frou Klytemnêstra hat it ûnderwilens oanlein mei syn neef Aigisthos. Boppedat sint se noch altiten op wraak op Agamemnon, om't dy foar syn ôfreis harren dochter Ifigeneia oan 'e goaden offere hat om syn oerwinning yn 'e striid tsjin Troaje te bewissigjen. Dat, Agamemnon is mar kwealk wer thús, of hy wurdt fermoarde troch Klytemnêstra. Dy beseft dêrnei dat se har soan Orestês eins ek út 'e wei romje moat, sadat dy syn heit skielk net wreekje kin. Mar de jonge wurdt it paleis útsmokkele troch syn twillingsuster Elektra, dy't him nei kening Strofios fan Fokis tastjoerd, om oan dy syn hof grutbrocht te wurden.

It toanielstik

bewurkje seksje

Elektra iepenet jierren letter, as Orestês mei syn freon Pûladês, de soan fan Strofios, en in pedagooch of priveelearaar yn Mysene arrivearret. Harren plan is om 'e learaar it boadskip yn it paleis oerbringe te litten dat Orestês omkommen is by in ûngemak mei in striidwein, en dat twa manlju (yn it echt Orestês en Pûladês) mei koarten de urne mei syn jiske bringe sille.

Underwilens beklaget Elektra yn it paleis it lot fan har heit Agamemnon. Se redendielt op bittere toan mei har suster Chrysothemis oer dy har fermoedsoening mei har heite moardners, en dêrnei mei har mem Klytemnêstra oer har heite moard. Har iennichste hope is dat har broer Orestês op in dei weromkeare sil om rjochtdei oer de skuldigen te hâlden, dat har heit wrutsen wurde sil. As in boadskipper (de learaar) arrivearret mei it nijs dat har broer dea is, rekket se alhiel telider slein. Klytemnêstra, lykwols, fielt inkeld ferromming. Dan komt Chrysothemis wer op, dy't opmurken hat dat der grêfjeften efterlitten binne by it grêf fan Agamemnon, en dêrút opmakket dat Orestês noch libbet en werom yn Mysene is. Elektra, dy't no oertsjûge is fan Orestês syn dea, wegeret nei har te harkjen. Ynstee dêrfan stelt se út om harren styfheit Aigisthos dea te dwaan, mar Chrysothemis stegeret har ôf en tsjut de ûnútfierberens fan dat plan oan.

 
Elektra en Orestes, troch Afred Church.

Dan komme einlings Orestês en Pûladês oan, mei by harren de urne dêr't sabeare de jiske fan Orestês yn sit. Orestês ken Elektra net wer, noch sy him. Hy langet har de urne oer, en pas nei't se in klaachsang útsprekt, beseft er wa't se wêze moat. Dan fertelt er har wa't er sels is. Hja is alhiel oerémis dat er noch libbet, en yn harren opwining ferriede se Orestês syn wiere identiteit hast oan 'e oaren; mar de learaar rêdt de sitewaasje. Dan geane Orestês en Pûladês it paleis yn en deadzje Klytemnêstra. As Aigisthos thúskomt, slane se gau-gau in lekken oer har lyk hinne en beare, it is it lichem fan Orestês. Mar Aigisthos tilt it lekken op en ûntdekt dan wa't it wurklik is. Dêrop fertelt Orestês him wa't er is, en hy en Pûladês oermasterje Aigisthos. Se bringe him nei de iepen hurd ta om him dêr dea te dwaan, op krekt itselde plak dêr't Agamemnon ek fermoarde is. Sa einiget it toanielstik, foar't de eigentlike dea fan Aigisthos plakfynt.

It ferhaal fan Orestês syn wraak is ôfkomstich út it ferlern giene epos Nostoi, en de foarfallen wurde teffens op 't aljemint brocht yn 'e Odyssee. It wie in populêr ûnderwerp foar Aldgrykske toanielstikken, dat alle trije grutte Ateenske trageedzjeskriuwers, Sofoklês, Euripides en Aeschylus, hawwe der in eigen stik oer makke, en al dy trije stikken binne ek noch oerlevere. Aeschylus syn werfertelling hjit fan De Offerplingsters, en makket it middelste diel út fan 'e Oresteia-trilogy. De stikken fan Sofoklês en Euripides hjitte beide Elektra, mar Euripides syn Elektra ferskilt withoefolle fan Sofoklês syn ferzje fan it ferhaal, ek al binne se om deselde tiid hinne skreaun.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

De Fryske oersetting fan Elektra ferskynde yn 1991[1] fan 'e hân fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma (ek ferantwurdlik foar de Fryske oersettings fan 'e Ilias en de Odyssee), dy't him dêrby basearre op 'e ferzje sa't dy yn 'e oarspronklike Grykske tekst werjûn is yn Electra, fan J.H. Kells. Bruinsma brocht it toanielstik yn in boekje fan 35 siden yn eigen behear út. It is op te freegjen by Tresoar ûnder oanfraachnû. 091.246.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Kroes, Jan, Trije Trageedzjes fan Sofoklês Ferfryske.

Boarnen

  • Sofoklês, Elektra (oers. Klaas Bruinsma), sûnder jier (eigen behear), gjin ISBN, Tresoar oanfraachnû. 091.246.

  • Kroes, Jan, Trije Trageedzjes fan Sofoklês Ferfryske, yn: de Ljouwerter Krante, 13 sept. 1991.

Foar fierdere sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Commentaries, op dizze side.

de oerlevere toanielstikken fan Sofoklês
Aias | Elektra | Filoktêtês | De Froulju fan Trakhis | de Tebaanske Trilogy (Kening Oidipoes • Oidipoes yn Kolonos • Antígoné)