Sleat (wetter): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L plaatsje
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Rigel 1:
[[File:Delft ditch 3.JPG|right|thumb|150px|In sleat.]]
[[Ofbyld:Sloot.JPG|150px|right|thumb|Goed hekkele sleat]]
In '''sleat''' is in [[wettergong]] op plakken dêr't [[rein (waar)|rein]]wetter gearstreamt, sadat it ôffierd wurde kin nei gruttere oerflaktewetters, lykas [[opfeart|opfearten]] en [[kanaal (wetterwei)|kanalen]], [[mar]]ren en úteinlik de [[see]]. Sleatten meitsje sadwaande in wichtich ûnderdiel út fan 'e [[wetterbehear|wetterhúshâldkundige]] ynfrastruktuer. In grutte sleat wurdt al gau in [[feart]] neamd, wylst in petiterich sleatsje in [[greppel]] is.
 
Dêrnjonken wurde sleatten, fral yn it noarden en westen fan [[Fryslân]], ek faak brûkt as ôffreding fan perselen grûn. Sawol [[greidlân]] as [[ikker]]s wurde dertroch omjûn, wêrby't se fral by greiden funksjoneel binne om weidzjend [[fee]] te hâlden dêr't it bliuwe moat. Sokke stikken lân, sawol greide as bou, wurde ek faak fan [[wei|wegen]] skaat troch sleatten. Hoewol't de ôffredingsfunksje fan sleatten troch de measte minsken as it wichtichst ûnderfûn wurdt, is it eins in sekundêre funksje, mei't de ôfwettering folle belangriker is en foar ôffreedzjen likegoed stekken of [[houtwâl]]en brûkt wurde kinne soene.