De Eed fan Kolvillág: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red., oars net. Altyd better witte wolle.
ynfoboks
Rigel 1:
{{Literatuer
[[Ofbyld:Elie Wiesel 2012 Shankbone.JPG|right|thumb|200px|Elie Wiesel.]]
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''De Eed fan Kolvillàg''
| oarspr. titel = ''Le Serment de Kolvillàg''
| auteur = [[Elie Wiesel]]
| taal = [[Frânsk]]
| foarm = [[roman]]
| sjenre = [[holokaust]]literatuer
| skreaun =
| 1e publikaasje = [[1973]], [[Parys]]
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer = [[Éditions du Seuil]]
| rige =
| foarich diel =
| folgjend diel =
| bondel =
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''De Eed fan Kolvillàg''
| publikaasje = [net útjûn]
| útjouwer =
| oersetter = [[Jacobus Knol]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. =
}}
'''''De Eed fan Kolvillàg''''', yn it oarspronklike [[Frânsk]]: '''''Le Serment de Kolvillàg''''', is in [[roman]] fan 'e [[joadendom|Joadsk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaansk]]e [[skriuwer]], [[heechlearaar]], polityk aktivist, [[Nobelpriis]]winner en [[holokaust]]oerlibbene [[Elie Wiesel]] ([[1928]]). De tiidleaze [[likenis]] oer de [[Joaden]] en harren ferfolgers, dy't troch Wiesel op in tige [[non-lineêre fertelling|non-lineêre]], fragmintaryske, suver [[surreälisme|surreälistyske]] wize útwurke is, ferhellet fan in anty-joadske [[pogrom]] yn 'e jierren tweintich fan 'e [[tweintichste ieu]], en fan it libben fan 'e iennichste oerlibbene dêrfan. ''Le Serment de Kolvillàg'' waard foar it earst útjûn yn [[1973]]. Yn [[2005]] waard it oerset yn it [[Frysk]], mar dy fertaling is spitigernôch nea útjûn.
 
===Ynhâld===
As yn 'e tweintiger jierren fan 'e [[tweintichste ieu]] yn it (fiksjonele) [[Hongarije|Hongaarske]] plakje Kolvillàg in [[kristendom|kristlike]] jonge ferdwynt, wurdt de pleatslike Joadske mienskip al rillegau beskuldige fan rituële moardpraktiken. De spanning kin men suver fiele en taaste, en in pogrom driget. Dan komt in bûtengewoane man fanwegen, Moshe de Dreamer, in [[mystyk|mystikus]] of in gek, dy't in falske bekentenis fan [[moard]] ôfleit yn in fergees besykjen om it ûnheil fan syn folk ôf te kearen. De Joadske mienskip komt gear om syn lêste wurden oan te hearren, en dêrmei freget er harren om stil te hâlden wat der yn Kolvillàg bard is en nea mei lykfolwa te praten oer de dagen en nachten fan eangstme. Alle oanwêzigen lizze dêrop in eed ôf om har oan syn fersyk te hâlden.
 
Mar de hate tsjin 'e Joaden is te grut, en Moshe syn selsopoffering kin it tij net mear keare. Der fynt in pogrom plak wêrby't de hiele Joadske mienskip ôfslachte wurdt. Der is mar ien oerlibbene, en dat is de jongeman Azriel. Fyftich jier lang hâldt dy him oan syn eed en praat er mei nimmen oer wat der yn dy lêste dagen yn Kolvillàg foarfallen is. Mar op in stuit moetet er in jongeman dy't op it punt stiet om [[selsmoard|himsels tekoart]] te dwaan en beseft er dat inkeld syn ferhaal oer Kolvillàg him rêde kin. Dan botst syn eed oan 'e deaden frontaal mei syn plicht oan 'e libbenen.
 
===Fryske oersetting===
Yn [[2005]] is ''Le Serment de Kolvillàg'' troch [[Jacobus Knol]] fan [[Dokkum]] oerset yn it [[Frysk]], ûnder de titel ''De Eed fan Kolvillàg''. Spitigernôch koed er der gjin [[útjouwer]] foar fine, dat Knol hat de oersetting inkeld foar himsels printsje en ynbine litten, mar hy is nea yn 'e hannel kommen.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
*{{Aut|Wiesel, Elie}}, ''De Eed fan Kolvillàg'' (fert. Jacobus Knol), Dokkum, 2005, (net útjûn).
----
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/The_Oath ''References'', op dizze side].
}}
 
{{DEFAULTSORT:Eed fan Kolvillàg, De}}
[[Kategory:Elie Wiesel]]
[[Kategory:Roman]]
[[Kategory:Holokaustliteratuer]]
[[Kategory:Frânske literatuer]]