Alfred de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red+kat
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Statue d'Alfred le Grand à Winchester.jpg|right|thumb|200px|''Stânbyld fan Alfred de Grutte yn Wantage'']]
'''Alfred de Grutte''' (eins: '''Aelfred'''; [[Wantage]] ([[Oxfordshire]]), [[26 oktober]] [[848]] of [[849]] — begravenbeïerdige yn [[Winchester]] ([[Berkshire]]), [[899]]) wie kening fan [[Wesseks]] (yn [[Ingelân]]) fan [[871]] oant syn dea yn 899. Hy wurdt de Grutte neamd, omdat er it leger herfoarme en bestjoerlike fernijings ynfierde dy't it lân te goeden kaam.
 
== Libben ==
Rigel 17:
 
== De Grutte ==
Alfred herfoarme it leger en fierde ferskate bestjoerlike juridyske fernijings yn dy't it lân te goeden kamen, ek op ekonomysk mêd. Hy ferdielde syn grûngebiet op yn ''shires'' (greefskippen) dy't hy ûnder tasicht pleatste fan in ''earl'' (Ald-Ingelsk ''ealdorman'' of '[[eallju|ealman]]'). Hy beneamde ek '[[sheriff]]s' dy't har gesach ter pleatse útoefene moasten. De ''witenagemot'', in gearkomste fan de ryksgrutten, besprutsen de steatssaken en moasten út it neiteam fan Alfred in kar meitsje foar de opfolging. Hy befoardere it ûnderwiis, ûnder oare troch it stiftsjen fan in ynfloedrike hôfskoalle. Ek op kultureel mêd wie Alfred aktyf. Al dizze kwaliteiten byinoar besoarge him de bynamme ''de Grutte''.
 
De kening wie sels wurke ek as skriuwer en oersetter. Hy wie ûnder oare mei-oersetter fan ''Cura pastoralis'' fan paus [[paus Gregoarius I|Gregoarius de Grutte]], ''De consolatione philosophiae'' fan [[Boëtius]], ''Soliloquies'', ''Confessiones'' fan [[Augustinus]] en ''Historiae Adversus Paganos Libri Septem'' fan [[Orosius]]. In oar wichtich wurk fan syn hân is it wetboek dat troch him opsteld is en dat as earste yn Jeropa yn de folkstaal skreaun waard.
 
[[Kategory:Kening fan Ingelân]]