Kleaster De Oliveberch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
L redke
Rigel 1:
It '''kleaster De Oliveberch''' of ''Mons Oliveta'' wie it kleaster wat [[Feankleaster]] syn namme joech.
 
De omkriten fan Feankleaster binne yn de 11e of [[12e ieuiuw]] yn kultuer brocht. Yn de [[13e ieuiuw]] stifte it kleaster fan de [[Norbertinen]] yn [[Dokkum]] yn dat gebiet it [[dûbeldkleaster]] De Oliveberch. It kleaster wurdt it earst neamd yn in stik fan [[1287]].
 
Troch [[Legaat|legaten]] groeide it kleaster oant likernôch 245 bunder. Ta dat gebiet hearde in [[úthôf]] yn de [[Westerbuorren (Kollumerlân)|Westerbuorren]] fan [[Westergeast]]. By de [[kleastersplitsing]] gongen de mûntsen fan it kleaster nei dy úthof, wylst De Oliveberch oerbleau as kleaster foar aadlike jonkfroulju, de ''Norbertinessen fan [[Aldwâld]]''. It ''Mûntsehûs'' en it ''konvint feankleaster'' wienen ferbûn troch de Mûntsewei, dy't hieltiid noch bestiet.
 
It kleaster is yn [[1579]] ferlitten en yn [[1580]] kaam it kleaster, lykas alle kleasterbesit, oan de [[Steaten fan Fryslân]]. Wat der oer wie fan de lannen en gebouwen waard yn [[1644]] koft troch [[Sjouck fan Fogelsangh]] en dy famylje [[Van Fogelsangh]] boude dêr [[Fogelsanghstate]].