Begraffenisgebrûk: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
omstavere 2015 |
st. moat hifke wurde |
||
Rigel 1:
{{stavering}}
De '''begraffenisgebrûken''' binne troch de jierren frijwat feroare.
Wylst de foarname lju yn de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Republyk]] en dêrfoar yn de tsjerke begroeven waarden - leafst jûns by fakkelljocht of op snein en dan sa ticht mooglik by it [[alter]] of [[kânsel]] - waarden boargers en
Sûnt [[1828]], doe't it begraven yn de tsjerke ferbean waard,
Yn de [[20e iuw]] fersoarget in feriening mear en mear de begraffenis. Hjir en dêr foel it noch ûnder de buorreplicht. Nearne bestiet dan mear de situaasje lykas bygelyks yn [[1811]] op [[It Amelân]] dat buorlju de oansizzing dogge en ek 'hâlden binne it lyk te ûntklaaien en te kistkjen, it lieden te dwaan, it grêf te meitsjen en it lyk te begraven'. De begraffenisgebrûken ferlieze hurd harren karakter en grutte. It [[kloklieden]], de gong nei it tsjerkhôf en it beierdigjen moatte neamd wurde. Hjir en dêr wurde de klokken let om in stjergefal te melden (it belieden) mar wol op in fêste tiid fan de dei en nei geslacht of leeftyd ferskillend wat doer en folchoarder fan de klokken betreft. It lieden by de begraffenis, dat begjint sa gau at de staasje yn it sicht fan de toer is of sa gau (as men yn in lokaal gearkomt) de bier mei de kiste opnomd wurdt, is algemien. De klokken swije faak by it beierdigjen, mar wurde wer let as de roustaasje oan de weromreis begjint. As de lêste begraffenisgonger fan it tsjerkhôf ôf is (resp. is de lêste frou -de froulju rinne efteroan- út it sicht fan de kloklieders) dan stoppet it lieden foargoed.
|