Hoarnstersweach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Sneuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 23:
 
=== Aldheid ===
Ut [[Argeology|argeologyske]] fynsten hat bliken dien dat oan de [[Tsjonger]] by Hoarnstersweach tûzenen jierren foar it begjin fan de jiertelling al minsken fan de [[Tsjongerkultuer]] wennen. Oan de ”[[Skoatterlânskewei]]” leit, as oerbliuwsel út de [[iistiid]], in mânske grouwe [[balstien]]. De stien wie bedobbe yn it [[miedlân]], mar waard yn [[1960]] wer opdold. Ek [[fjoerstien|fjoerstiennen]] út de iistiid sitte yn de grûn. By de [[Prikkedaam]] binne fynstenfoarwerpen dienfan fjoerstien fûn fan sa'n 5200 foar Kristus fan foarwerpen fan fjoerstien.
 
=== Taal ===
Rigel 50:
 
=== Oarloggen en Fjochteraasje ===
As der yn de 14e iuw striid is oer de pacht fan de healannen by Iselham tusken de [[biskoppen fan Utert]] en [[Stellingwerven|Stellingwerf]] en [[Skoatterwerf]] rekket dat ek Hoarnstersweach. RûnOm 1408 hinne moat Hoarnstersweach 30 [[âlde skyld]]en fan 33 Flaamske Grooten (totaal 990 Flaamske Grooten) betelje oan biskop [[Freark III fan Blankenheim]].
 
OfOft Hoarnstersweach lest hie fan soldaten fan it Spaanske leger yn [[Stienwyk]] yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]], dy't ek plonderden yn Skoatterlân, is ûnbekend. De grytman [[Tinco fan Oenema]] stelt dan foar Hoarnstersweach fiif doarpswachters oan. Oant [[1622]] bliuwt it ûnrestich yn dizze streek.
 
Yn de [[Twadde Münsterske Oarloch]] leit Hoarnstersweach efter de grutte skâns fan Makkingea, ûnderdiel fan de [[Fryske Wetterliny]]. Yn de jierren [[1672]] en [[1673]] leit Hoarnstersweach sadwaande ticht by it front fan de mannen fan de biskop fan Münster [[Bommen Bearend]] mei de Franske oerbefelhawwer Mornas tsjin de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]] mei de mannen fan [[Johan Maurits]], [[Hans Willem fan Aylva]] en de greve fan Dona.
Rigel 75:
It fean rekke op en om [[1900]] hinne kaam it [[koalmyn|koalwinnen]] op gong as ferfanger fan turf en de [[meganisaasje]] (baggelmasine), de [[lânboukrisis]] fan [[1875]]–[[1890]] en de Krisis fan [[1929]] makken it noch slimmer. De arbeiders waarden trekarbeiders en gongen nei de feanen yn Drinte (Nieuw Amsterdam), Grinslân (Weerdingermond), Twinte, Brabân (Helenaveen), Dútslân (Meppen, de bûthuzen yn Westfalen), de minen yn Limburch of emigrearden. Guon begûnnen in spultsje of in winkeltsje. In soad hiene gjin wurk. Sneons wie de beteldei dat se nei It Fean gienen om fan hûs oan hûs te gean. By winterdei kaam folle biddelfolk lâns by de doar. Se setten fuortendaalks de foet tusken de doar, freegjen om jild of iten. It mes yn de hân op de rêch. Guon mei eigenmakke fegers en earpelbakjes lâns de dyk om se te ferkeapjen. Ek kamen negoasjerinners by de doarren lâns mei knopen, elastyk, fiterbân, luzekammen, hierboarstels en sawat hinne. De earme minsken swabberen de hiele omkriten ôf te [[nijjierroppen]] om mar wat te krijen. It wiene minne tiiden. It [[anargisme]] en it [[sosjalisme]] hie grutte oanhang. Dêr kaam de gedachte fan ferheffing út. Ek yn de foarm fan de toanielferiening en de kuorbalferiening en oandacht foar lêzen en boeken.
 
ÛntginningUntginning fan grûnen en stifting fan pleatsen oant begin [[20e iuw]] binne dien troch [[Baronesse de Vos fan Stienwyk|Frêlle de Vos fan Stienwyk]]. Heidefjilden op sângrûn ([[woast lân]]) ûntginne wie doe nij foar Fryslân, mar mei djipspitte en keunstdong hiene se dêr fidúsje yn dat der genôch fan it lân ôf kaam. Ek de [[Peter Wilhelm Janssen|P.W. Janssen's Friesche Stichting]] ûntgûn grûn en stifte boerespultsjes yn Hoarnstersweach.
 
Yn [[1924]] is de ûntginningsmaatskippij "N.V. De Drie Provinciën" oprjochte dy't in soad [[heidegrûn]] by it doarp ûntgûn hat. De Heide Maatskippij hie by de wurken fan de NV de lieding. De ûntginning wie foaral bedoeld as [[wurkferskaffing]] foar it grutte tal wurkleazen. Nei [[1930]] is der in soad oan [[ûntginning]] dien. Foar en nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] binne der ek nije ûntginningspleatsen boud. De pleats oan de ‘Skoatterlânskewei’ 56 is boud om [[1925]] troch wurkleazen. Dizze wurkleazen wiene fan hûs út faaks gjin boufakkers. Letter waard dêr dêrom oanbestege (arsjitekten M.O. Meek en C.J. Wierda). De grûn, foaral fan de N-H tsjerke, waard kocht of ûnteigene. It jild kaam fan de ferkeap fan oandielen troch de NV oan de gemeente. De NV hie lykwols swiere ferliezen en ferkocht de grûn oan de oerheid. De pleatsen binne ein [[20e iuw]] troch [[de Domeinen]] ferkocht. De heide waard ôfbaarnd en 60 sm. djip hakke. De grûn (leadsân) waard yn kypweinen op rails, dy't se hieltyd ferleinen, ôffierd. Foar in bettere grûn waard mei it skip [[dwingel]] brocht.<br>