Universiteit Utert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 32 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q221653
Rigel 25:
Yn 1634 krige Utert in [[yllústere skoalle]] dêrt nei de [[Latynske skoalle]] in ferfolchoplieding folge wurde koe. De yllústere skoalle waard ferbûn oan de [[Uterts Steedlik Gymnasium|Hiëronymusskoalle]] en twa jier letter ferhefd ta universiteit. De iepening fan de Universiteit Utert wie op [[26 maart]] [[1636]]. De inaugurale rede waard holden troch heechlearaar teology [[Gisbertus Voetius]]; de earste [[rector magnificus]] wie heechlearaar [[rjochten]] en [[wiskunde]] Bernardus Schotanus.<ref name=Jamin>Jamin, Hervé (2001), ''Kennis als opdracht: De Universiteit Utrecht 1636-2001'', Utjouwerij Matrijs, Utert</ref> De universiteit hie by de iepening inkelde tsientallen studinten en sân heechleararen ferdield oer fjouwer fakulteiten: de filosofyske, dy't alle studinten in [[propedeuse]] oanbea, en de trije hegere fakulteiten, de teologyske, de juridyske en de medyske.
 
Utert bloeide yn de [[17e ieuiuw]] op, nettsjinsteande de [[konkurrinsje]] fan de âldere universiteiten fan [[Universiteit Leien|Leien]] (1575), [[Universiteit fan Frjentsjer|Frjentsjer]] (1585) en [[Ryksuniversiteit Grins|Grins]] (1614) en fan de yllústere skoallen fan [[Universiteit fan Hurderwyk|Hurderwyk]] (1599, universiteit fanôf 1648) en [[Universiteit fan Amsterdam|Amsterdam]] (1632). Fral Leien wie in konkurint dêr't rekkening mei hâlden wurde moast. Dêrom moasten de nedige ynvestearring dien wurde. De stedsbibleteek yn de Janstsjerke krige de funksje fan [[Universiteitsbibleteek Utert|universiteitsbibleteek]]. It [[Catharijnegasthûs (Utert)|Catharijnegasthûs]] werdwaard vooryn de1636 medischein faculteitakademysk insikehûs 1636foar eende academischmedyske ziekenhuisfakulteit. EenIn [[Alde Hortus|medischemedyske kruidentuinkrûdetún]] koewaard yn 1639 oanlein wurde op it [[bolwerk]] Sonnenborgh oanlein. Trije jier letter waard in [[stjerrewacht]] op de [[Smeetoer]] ynrjocht, dy't letter ek brûkt wurde soe foar [[Meteorology|waarkundige]] waarnimmings. Teffens waard yn dy begjinjierren de [[Maliebaan]] iepene dêr't it [[Maly (spul)|malyspul]] spile wurde koe.
 
De universiteit luts in protten studinten út it bûtenlân oan, benammen [[Dútslân|Dútsers]], [[Ingelân|Ingelsken]] en [[Skotlân|Skotten]]. Sy wienen tsjûgen fan de yntellektuele en teologyske striid tusken de oanhingers fan de nije filosofy ([[René Descartes]] wenne in skoft yn Utert) en de oanhingers fan de ortodokskeotterdokske teolooch [[Voetius]], de earste heechlearaar fan de universiteit.
 
De [[Frânske tiid|Frânske besetter]] degradearre yn [[1810]] de Utertske universiteit ta 'école secondaire' (middelbere skoalle), mar nei de stichting fan it [[Keninkryk fan de Nederlannen]] yn [[1813]] krige de universiteit har âlde rjochten werom. Yn [[1817]] waarden Leiden, Grins en Utert de trije [[Ryksuniversiteit]]en (saneamde 'hege skoallen') fan it Noardelik diel fan de nije steat. Leien krige de titel fan 'earste' hege skoalle. Utert spile in foaroansteande rol yn de opbloei fan de Nederlânske natuerwittenskip. Om 1850 ûntjoech him de saneamde 'Utertske skoalle' yn de natuerwittenskippen, mei kopstikken as de heechleararen [[Pieter Harting (biolooch)|Harting]], [[Gerardus Johannes Mulder|Mulder]], [[Christophorus Buys Ballot|Buys Ballot]] en [[Franciscus Cornelis Donders|Donders]]. Sy yntrodusearren yn Nederlân it [[ûnderwiislaboratorium]], in oefenplak foar harren studinten. De [[Ryks Feeartsenijskoalle]] waard yn 1918 in hegeskoalle en yn 1925 de fakulteit Diergenêskunde fan de universiteit.
 
Mei it út ein setten fan de [[Twadde Wrâldkriich]] bleau de universiteit iepen. Joadske heechleararen waarden al yn it earst jier útsletten lykas ek Joadske studinten. Ein 1942 easke de Dútske besetter de nammeregisters op fanwege it ferplichferplicht oan it wurk setten fan studinten (''Arbeidseisatz''). De universiteit wegere dat. In tal studinten stutstuts doe de studinte-administraasje yn de brân. Guon studinten soargen foar ûnderdak foar joadske bern oer it [[UtrechtsUtertsk KindercomitéBernekomitee|Bernekomitee]] en de kresj Kindjeshaven. [[Truus van Lier]] gie oer ta wapene ferset en skeat yn 1943 de Utertske [[NSB]]-haadkommissaris fan polysje G.J. Kerlen dea.
 
De Universiteit Utert is fertsjintwurdige yn de [[Stichting Akademysk Erfguod]], in stichting mei as doel om universitêre kolleksjes en kultuerskatten te behâlden.