Willem Barents: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 5:
 
== Biografy ==
JAAA DIKKE LUL! Oer it libben fan Barents foar it begjin fan de ekspedysjes is net folle fan bekend. Hy wie keapman en wittenskipper en makke in atlas fan de [[Midslânske See]]. Yn [[1594]] krige hy de lieding oer de earste ekspedysje om de noardeastlike trochfeart nei Aazje en it Fiere Easten te finen. Mei twa skippen folge Barents de kust fan Nova Sembla yn'e hope om de eilannen hinne farre te kinnen, mar hy waard troch it iis opkeard. In twadde skip dat [[Cornelis Nay]] as kaptein hie, hie mear súkses. Dy wist fia de [[Strjitte fan Waygats]] yn de [[Karasee]] te kommen. [[Jan Huygen van Linschoten]], dy't op de reis oanwêzich wie hat in ferslach makke yn syn ''Voyagie, ofte schip-vaert van by Noorden om langes''.
 
It súkses fan Nay late ta in twadde, gruttere ekspedysje yn [[1595]], diskear ûnder lieding fan Barents en [[Jacob van Heemskerk]], en dêr't ek Nay en [[Jan Huygen van Linschoten]] wer oan mei dienen. Troch it iis slagge it de ekspedysje net om de Karasee te berikken. Wol waard hannel dreaun ticht by de mûning fan de [[Petsjora (rivier)|Petsjora]] mei de lokale [[Nenetsen]] (doe ''Samojeden'' neamd).