Burmaniahûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
Yn de [[15e ieuiuw]] of earder ûntstie op it stee fan it hjoeddeiske Burmaniahûs in [[stins]]. Bekend is dat Rienck fan Burmania, drost fan Koevorden, om-ende-by 1555 de stins ferbouwe litten hat. Oant begjin 19e ieu bleau dat hûs eigendom fan de famylje Fan Burmania.
 
De famylje Burmania stamt ôf fan in trettjinde ieuskeiuwske pastoar fan de Sint-Fitustsjerke fan [[Aldehou (doarp)|Aldehou]]. By de stins hearden grutte stikken grûn op de Aldehousterterp. Meidat de famylje ôfstammet fan in pastoar, hienen se lange tiid it ''jus patronatus'': it beneamingsrjocht fan preesters fan de Sint-Fitustsjerke.<br>
Yn de [[16e ieuiuw]] is Rienck fan Burmania, drost fan Coevorden, eigener fan de stins en hy beslút om 1555 hinne dy ferbouwe te litten. Rienck hat in broer Joast, dy't troud wie mei Baef Caters, nei wa't it hûs ek wol Catershûs neamd waard.
 
It hûs bliuwt oant 1679 yn besit fan de famylje Burmania, om dêrnei te fererven op de famyljes Sirtema fan Grovestins, Aebinga fan Humalda en Eysinga. Yn [[1871]] erfde jonkfrou Clara Tjallinga Aedonia fan Eysinga it hûs. Hja liet it yn de mande mei har man [[Bernhardus Hopperus Buma]] ôfbrekke en hielendal opnij wer opbouwe. Dat pear hie jild genôch om it te beteljen. Se wienen ek eigener fan Nijenburch yn [[Kollum]], dêr't se yn de tiid fan de bou fan it nije hûs wennen en [[Sminiastate (Wommels)|Sminiastate]] te [[Wommels]]. Yn dyselde tiid lieten se ek noch de filla ''Vaartzicht'' bouwe oan de [[De Potmarge (wetter)|Potmarge]] yn Ljouwert-Huzum.
Dat pear hie jild genôch om it te beteljen. Se wienen ek eigener fan Nijenburch yn [[Kollum]], dêr't se yn de tiid fan de bou fan it nije hûs wennen en [[Sminiastate (Wommels)|Sminiastate]] te [[Wommels]]. Yn dyselde tiid lieten se ek noch de filla ''Vaartzicht'' bouwe oan de [[De Potmarge (wetter)|Potmarge]] yn Ljouwert-Huzum.
 
Yn 1912 einiget de partikuliere bewenning fan it Burmaniahûs, trochdat it kocht waard troch de Algemeene Friesche Levensverzekering Maatschappij, tsjintwurdich [[AEGON]], dy't it Burmaniahûs-kompleks mei kantoarfleugels ein jierren 80 fan de foarrige ieu ferkocht oan de gemeente Ljouwert.
 
De âldste ôfbylding fan de stins/state is te finen op de kaart fan Ljouwert, dy't troch [[Jacob van Deventer]] omtrint 1560 makke waard. It ôfbyld op dy kaart fan it Burmaniahûs docht jin fermoeden, dat midden op of efter it dak fan in rjochthoekich gebou in treptoer stie. Dat is lykwols net mei wissichheid te sizzen omdat de skets sa lyts is.<br>
De folgjende ôfbylding is dy fan in fûgelflechtkaart fan [[Johannes Sems]] en [[Pieter Bast]] út 1600/'03. Dêrop stiet it Burmaniahûs dúdliker ôfbylde. It wie doe in rjochthoekich gebou mei in rûne treptoer tsjin de westlike side fan de foargevel. Oan beide kanten fan it haadgebou stienen bygebouwen dy't in foarplein foarmen. It moat in sealstins west hawwe fan twa boulagen op in kelder. Yn de sechtjinde ieuiuw waarden meardere sealstinzen, besteande út in bel-etaazje op in ûnderkeldering ferhege mei in twadde ferdjipping. Dat sil grif ek mei it Burmaniahûs dien wêze om 1555 hinne.
 
De stins hie ek in poarte, dy't allang ferdwûn is en noch in skoftlang brûkt is by it Aldehouster tsjerkhôf. De poarte droech boppe de wapenstiennen Burmania en Aylva it opskrift: 'Rienck van Burmania ridder ende drost tot Coevarden Ao 1555'.
Neffens tsjûgen hie de stins sterke, oerwelfde kelders, dêr't spoaren fan sjitgatten yn te sjen wienen. De sealstins sil op yn lêst út de fyftjinde ieu komme. It hûs is grif faak ferboud, foardat it yn [[1874]] sloopt waard en ferfongen troch it hjoeddeiske, grutte hearehûs.
Al dy ferbouwings hienen fan gefolgen dat fan de âlde sealstins yn 1874 al neat mear te finen wie. By de lêste ferbouwing, nei alle gedachten yn de iere njoggentjinde ieuiuw, wie it in grut hearehûs yn de [[empirestyl]] wurden. De toer wie al lang ôfbrutsen en de yngong wie hielendal oan de rjochterkant komd. It hûs hie trije boulagen fan 6 raamfekken breed en waard dekt troch in frij leech skylddak. It hûs hie doe oan de eastkant in lege fleugel.
 
Blykber wie it saaie gebou jonkfrou Clara Tjallinga en har man net nei't sin en se lieten it Burmaniahûs - dat de midsieuskemidsiuwske kearn noch hie - hielendal ôfbrekke, ynklusyf de kelders. It nije Burmaniahûs, yn 1874 ûntwurpen troch Jurjen Bruns en yn 1914 ferboud, is in foarname stedsfilla wurden. It gebou is yn [[neorenêssânse]]styl fersierd mei eleminten fan natoerstien en pleisterwurk. Der kamen sels grutte liuwen op it bordes te lizzen.
 
Yn [[1912]] waard it Burmaniahûs ferkocht oan de ''Algemeene Friesche Levensverzekeringsmaatschappij'', in foarrinder fan [[AEGON]], dy't it hûs yn gebrûk hie as [[kantoorkantoar]]romte. Oan de ein fan de [[Twadde Wrâldkriich]] waard in diel fan it pân in skoft brûkt troch de [[Sicherheitsdienst]].
 
=== Yntree stedskantoor ===