Sahara: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Rigel 26:
 
== Klimaat skiednis ==
De Sahara is hjoeddedei in grutte woastyn, mar dat hat net altyd sa west. Yn it [[Pleistoseen]] en it [[Holoseen]] bestie it gebiet noch foar it grutste part út [[Savanne]], en koenen der in protte plantesoarten waakse. Yn dizze tiidrekken wie it foar de minske goed toevjen en libbe doe as samler en jager. Nei alle gedachten hawwe oaljefanten, bavianen, kateftigen ensfh. der noch libbe oant en mei it [[neolitikum]], en oant en mei in miljoen jier tebek waaksten der noch planten dy't wy tsjintwurdich allinnich yn witewiete, fochtige gebieten oantreffe of sels yn de tropen fine.
 
Yn de Sahara wurde resten werom fûn fan ferskate minsklike rassen, bygelyks de [[Homo habilis]] en de [[Homo australiphithecus]], fermoedlik libben sy goed fiif miljoen jier lyn.